Iepenloftmuseum De Spitkeet set yn op profesjonalisearring mei 280.000 euro út Regio Deal

De Spitkeet © RTV NOF
Iepenloftmuseum De Spitkeet op De Harkema hat 280.000 euro subsydzje takend krigen út de Regio Deal. It jild is foar de jierren 2023 oant en mei 2025. Foarsitter Willem Wouda is tige wiis mei de takenning en neamt it "echt in hiel goeie ympuls" foar it museum.
Wouda spruts tongersdei yn by de gemeenteriedsgearkomste fan Achtkarspelen yn Bûtenpost, dêr't wethâlder Tjibbe Brinkman it subsydzjenijs oan de riedsleden wrâldkundich makke.
De ried stimde tongersdeitejûn ek yn mei in strukturele subsydzje foar De Spitkeet. It giet om in jierliks bedrach fan 50.000 euro, fan 2024 ôf.
Mei de finansjele middels wol De Spitkeet de kommende jierren in profesjonalisearringsslach meitsje, neffens Wouda. "Wy binne ea hiel lyts begûn, mar De Spitkeet is útgroeid ta iepenloftmuseum mei sa 'n 20.000 besikers yn it jier. Wy binne út ús jas groeid."

Tal besikers ferdûbelje

It iepenloftmuseum wol yn in pear jier it jierlikse tal besikers ferdûbelje. Om dat te berikken moat der gearwurking mei it primêr en grienûnderwiis komme, sa seit de foarsitter.
Mei de strukturele subsydzje wol De Spitkeet in kwalifisearre koördinator oanstelle. "Der binne in hiel soad frijwilligers. Der moat in koördinator komme. Wy moatte troch nei in profesjonele organisaasje", beslút Wouda.