Wetterskip: skjinmeitsje Jorwerter feart foar rekreaasje net ús taak

Wetterskipsbestjoerder Monique Plantinga © Monique Plantinga
Wetterskip Fryslân is net fan doel om it wetter fan de Jorwerter feart skjin te meitsjen, sadat rekreatyf farre wer mooglik wurd. Ynwenners en de gemeente moatte it iepenhâlde fan de fargeul sels regelje, èn finansierje.
De Jorwerter feart leit op it stuit hielendal ticht mei wetterplanten. Sels suppe en kanofarre is eins net mear mooglik.
Neffens Wetterskipbestjoerder Monique Plantinga is it iepenhâlde fan in fargeul net de ferantwurdlikhied fan it Wetterskip, omdat de feart gjin offisjele farrûte is: "Het Waterschap is wel de beheerder, maar wij moeten ons voornamelijk richten op de waterkwaliteit."

Meanboat

It Wetterskip is yn Makkum dwaande mei in trijejierrige proef mei in 'meanboat', dy't wetterplanten op in nije wize fuorthellet. Die proef is benammen bedoeld foar it behâlden fan de wetterkwaliteit.
Het gaat op eigen kosten en daar moet je dan gewoon afspraken over maken.
Monique Plantinga
Dat is neffens Plantinga ek foardielich foar de wetterrekreaasje: "We hebben er hoge verwachtingen van, maar moeten eerst kijken of het ook daadwerkelijk positief is voor de waterkwaliteit."

Op eigen kosten

Wa't wat oan it probleem dwaan wol, moat dat neffens Plantinga sels regelje en betelje: "Het staat de gemeente, het plaatselijk belang en groepen inwoners vrij om op eigen initiatief te vragen om extra onderhoud. Het gaat dan wel op eigen kosten en daar moet je dan gewoon afspraken over maken", seit Plantinga.
De mean- en sammelboat by Makkum © Omrop Fryslân
Yn de Ljouwerter gemeenteried is woansdeitejûn unanym in moasje oannommen oer it befarber hâlden fan de farwegen yn de eardere gemeente Littenseradiel. Oanlieding wie de needgjalp fan in groep jongeren út Jorwert dy't troch de wetterplanten net mear mei harren sloep fan Jorwert op de Swette komme koene.
De gemeente is mei It Wetterskip yn kontakt oer de saak.