Natuerorganisaasjes bliid mei koälysje-akkoart, mar details moatte dúdliker: "It koe minder"

Hans van der Werf, Fryske Miljeu Federaasje © Omrop Fryslân, René Koster
In goede balâns tusken lânbou en natuer en it sykjen fan de ferbining yn de stikstofdiskusje. Dat stiet yn it koälysje-akkoart dat tongersdei presintearre is. Natuerorganisaasjes sjogge wol potinsje yn it akkoart mar de details moatte wol dúdliker.
It nije provinsjebestjoer set yn op behear fan besteande natuer en it heljen fan de wetlike en fêststelde doelen. "Dat is heel gunstig", seit Jorien Bakker fan Natuermonuminten. "Maar er staan ook nog heel veel dingen niet in", heakket sy lyk ta.
Sa as plannen oer lânskippen. "Er staat in dat ze oog houden voor 'verschillende landschapselementen', dan denk ik gelijk: welke zijn dat dan?" Bakker neamt dat der yn it programma benammen neitocht is oer it natuerbehear fan greiden. "Maar we hebben in Fryslân ook nog bossen en veel andere soorten natuur."

"Koe minder"

Dat de details noch dúdliker wurde moatte, is Hans van der Werf fan de Fryske Miljeu Federaasje (FMF) it mei iens. "Wy moatte fansels wol sjen wat der yn de details sit. Ik tink ek dat wy noch wat heldere doelen en kaders hawwe moatte."
Jorien Bakker © RTV Noord, Nico Swart
Fierder reagearret Van der Werf aardich entûsjast op de plannen fan it takomstige kolleezje. "It koe minder, it kolleezje set yn op ferbining tusken natuer en lânbou. Ik tink ek dat dat hiel goed is want natuer en lânbou hawwe inoar hiel bot nedich. As it giet om greidefûgels, it lânskip, in sûne boaiem."

Wynmûnen

Mei in oantal saken dêr't de FMF de ôfrûne perioade tiid yn ynvestearre hat, sil it takomstige kolleezje fierder. Sa as it 'Oanfalsplan Skries'. "Wy sjogge dat de animo by boeren hiel grut is. Fryslân hat fan alle provinsjes de grutste bydrage en ynset foar it Agrarysk natuerbehear, dus dêr bin ik hiel bliid om", seit Van der Werf.
En ek is der ûnder betingsten mear romte foar wynmûnen. De fraach is oft dizze plannen genôch binne foar de natuer en de ferbettering fan it lânskip. "Dat is hiel bysûnder", seit Van der Werf. "Dy seach ik net oankommen. Benammen op bedriuwsterreinen komt dêr mear romte foar. Ik tink dat it hiel ferstannich is, wy moatte echt mear ynvestearje yn bygelyks wynenerzjy."

Mei-inoar

Beide organisaasjes beklamje dat de gearwurking tusken lânbou en natuer yn Fryslân al goed is. "Heel vaak zijn we elkaars partner op gebieden, denk aan pachtregelingen. Zeker als je kijkt naar het Fries programma landelijk gebied, dan zitten we met elkaar aan tafel", seit Bakker.
Van der Werf is it dêr mei iens: "Yn Fryslân kenne wy elkoar goed, wy wurkje hiel nau mei inoar gear, dat lokale, fan inoar fine, mei inoar oan de gong wolle, dat is de kracht fan Fryslan, dat azemt dit akkoart ek wol út."