Litouwers oant in jier de sel yn fanwegen dowestellerij Steggerda

De rjochtbank hat fjouwer fertochten feroardiele foar it stellen fan 96 postdowen út Steggerda. Der binne selstraffen oant in jier oplein.
De fertochten komme allegear út Litouwen. Neffens de rjochtbank wie der sprake fan in 'georganiseerd samenwerkingsverband'.
Koördinearjende funksje
Ien fan de fertochten hie in koördinearjende funksje. Hy stjoerde de dieverij fia de telefoan oan. De oaren binne ek echt nei Steggerda kaam om de dowen mei te nimmen. De bisten binne earne yn Dútslân ôflevere en waarden nea weromfûn.
It IM hat in deal sluten mei ien fan de fertochten fan de rôf. Mei him waard in jier sel oerienkaam. De oare fertochten krigen selstraffen fan njoggen, tsien en tsien moannen oplein.
Ek moatte de fertochten in skeafergoeding betelje. Dat sil aardich yn de papieren rinne, want allinnich topdo Luna is al 80.000 euro wurdich.