Fryske doelman Jan de Boer dochs nei VVV-Venlo

Jan de Boer © Orange Pictures
Keeper Jan de Boer fan Sleat makket dochs de oerstap nei VVV-Venlo. Syn transfer fan FC Grins nei VVV like net troch te gean fanwegen jildproblemen by de klup út Venlo. Dêrom trainde hy in skoftke mei by SC Cambuur.
No is alles dochs rûn. De Boer tekenet in kontrakt foar twa seizoenen mei in opsje foar noch in jier. "VVV is een grote en mooie club. Het iconische stadion, de rijke historie en de fanatieke supporters geven mij het gevoel dat dit de beste volgende stap is in mijn carrière", seit de doelman op de webside fan VVV.
De Boer spile de ôfrûne jierren by FC Grins. Hy spile yn totaal trije earedivyzjewedstriden foar dy klup. De Boer hat de jeugdoplieding fan sc Hearrenfean trochrûn.