Staasjejildbekers stroffelblok foar hoareka Fiskerijdagen, Harns leit 15.000 euro by

Foar de hier fan staasjejildbekers by de Fiskerijdagen fan dit jier leit de gemeente Harns 15.000 euro by. Hast hie de hoareka yn 'e stêd fanwege de staasjejildbekers it jûnsprogramma skrast, sa die woansdeitejûn bliken by de riedsgearkomste.
De gemeente Harns stelt staasjejildbekers, dy't opnij te brûken binne, as eask foar de 18.000 euro subsydzje dy 't de Stichting Evenementen Harlingen ûntfangt foar it organisearjen fan it jûnsprogramma fan de Fiskerijdagen.
Lanlik ferbod
Mei yngong fan 1 jannewaris 2024 jildt in lanlik ferbod op fuortsmytbekers. De gemeente wol de hoareka yn Harns alfêst dizze edysje fan de Fiskerijdagen wenne litte oan wat takom jier ferplichte is.
"Die afspraak is gemaakt. Daarna heb ik niks meer gehoord, tot vorige week", sei boargemaster Sjerps yn de riedsgearkomste. Doe die bliken dat de hoareka yn 'e stêd muoite hie om de begrutting foar de hier fan staasjejildbekers rûn te krijen. "Weer een berg plastic in de stad, dat kunnen we niet doen."

Tiisdeitemiddei wie der in petear mei boargemaster Sjerps, wêryn't hoarekafertsjintwurdigers stelden 20.000 euro ekstra nedich te hawwen en oars it programma ôfsizze te moatten.
"Dat vind ik heel bijzonder", sei de boargemaster nitelich. "Als je al zo lang met elkaar in gesprek bent, dat je een paar weken voor het feest bij de gemeente komt met het mes op de keel: '20.000 euro of we gelasten het feest af, en u weet wel wie de schuld daarvan krijgt'."
Dochs hat it kolleezje der in oplossing foar fûn troch it ôffalbudzjet fan de gemeente oan te sprekken. Dêrút wurdt de ekstra bydrage fan 15.000 euro foar de hier fan sa'n 300.000 staasjejildbekers op de Fiskerijdagen finansiere.
Ofrûne in ton
Al langere tiid is der krityk op it evenemintebelied fan de gemeente, dy't earder dit jier foar it peaskespektakel The Passion goed trije ton oan de kant set hat. Sjerps somme dêrom op wat de gemeente dit jier bydraacht oan de Fiskerijdagen en kaam út op 97.000 euro.
"Laten we het leuk afronden, het is een ton", sei Sjerps. "Alle berichten van ik weet niet welke aardige Harlingers dat de gemeente niets doet voor Harlinger evenementen, zijn hiermee gelogenstraft."

Sjerps wol nei dizze edysje fan de Fiskerijdagen, dy't fan 30 augustus oant en mei 2 septimber hâlden wurdt, in petear mei de Stichting Evenementen Harlingen om "het serieuze probleem dat inderdaad bestaat voor de horeca, te gaan aanpakken".
Oeral yn Nederlân krije eveneminten te meitsjen mei nije en strangere regels. Dêrneist gean de kosten foar eveneminten bot omheech.
Mear konkurrinsje
Dat hat neffens Sjerps te krijen mei it feit dat der tsjintwurdich mear konkurrinsje is. "Toen ik student was, was er enkel Oerol en Pinkpop. Nu is er ieder weekend een groot evenement." Dêrtroch gean de prizen fan befeiliging, EHBO en artysten omheech.
De gemeente Harns docht neffens Sjerps in soad om de eveneminten yn de stêd te stypjen. "We hebben meer capaciteit bij de vergunningverlening, we organiseren een spreekuur om organisatoren te helpen en we leveren financiële steun waar nodig." Dêrneist is de gemeente ek dwaande mei it ferienfâldigjen fan de regels.