Fryslân hat it jongste kolleezje fan Deputearre Steaten fan Nederlân: dit binne se

Nei in formaasjeproses dêr't in pear heakken en oezen oan sieten, wurdt it nije kolleezjeprogramma tongersdei bekend makke. De fiif beëage deputearren dy't it programma útfiere moatte, binne al bekend. Fryslân krijt it jongste kolleezje fan ús lân.
Opfallend: de nije ploech is relatyf jong en nij. Fjouwer fan de fiif wiene net earder deputearre. Twa komme sels hielendal nij de Provinsjale Steaten yn.
De BBB is fertsjinwurdige mei twa froulju dy't beide ûnderfining hawwe yn de lânbousektor. Underfining yn de provinsjale polityk hawwe sy beide lykwols noch net.
Femke Wiersma (BBB)
Femke Wiersma wurdt ferantwurdlik foar lânbou, FPLG (Frysk Programma Lanlik Gebiet) en erfguod.

Aldens: 38 jier
Komt fan: Holwert
Oplieding: Social Work
Yn de polityk sûnt: 2019
Femke Wiersma waard al oan it begjin fan de ferkiezingsperioade neamd as kandidaat-deputearre. Har oansluting by de BBB is net samar.
Foar har politike karriêre wie sy adviseur by ferskate lânbou-organisaasjes, sa as de 'Nederlandse Melkveehouders Vakbond', en Team Agro NL, de promoasje-organisaasje fan boeren, túnkers en fiskers.
Soad lanlike stimmen
Wiersma stiet ticht by nasjonaal fraksjefoarsitter Caroline van der Plas, yn 2020 stie sy as twadde op de list en kaam krekt net yn de Twadde Keamer. Yn Fryslân skoarde Wiersma doe al goed, sy krige twa kear safolle stimmen as de nûmer ien op de list.
Fan de Friezen op de list die allinnich Habtamu de Hoop it better wat Fryske stimmen oanbelanget. It wie dêrom foar guon in ferrassing dat sy net nei Den Haag gie, nei de grutte provinsjale winst fan de partij.
'Liket my fantastysk'
De wei nei Den Haag leit lykwols noch net folslein ticht. "Je kinne it nea 100 prosint wis sizze hoe't it gean sil. It liket my fantastysk om oait yn Den Haag te sitten", sei Wiersma nei de provinsjale ferkiezingen. Mar as in mem allinnich dy't yn Holwert wennet, is it net oanloklik nei Den Haag ferhúzje te moatten, heakke sy doe al ta.
Eke Folkerts (BBB)
Eke Folkerts wurdt ferantwurdlik foar finânsjes ,taalbelied en bedriuwsfiering.

Aldens: 37
Komt fan: Aldebiltsyl
Oplieding: Toerisme
Yn de polityk sûnt: 2023
Eke Folkerts is it gesicht fan de jonge boeren. Folkerts stie yn har posysje faak oan de oare kant fan de polityk. Sa behertige sy de belangen fan de groep dy't takomst sjocht op de buorkerij. Sels studearre sy toerisme, mar se is wol opgroeid mei lânbou om't famyljeleden in eigen bedriuw of buorkerij hienen.
Oernamen fan buorkerijen
Folkerts is bestjoerder fan 'Nederlands Agrarisch Jongeren Kontakt' (NAJK). Sy wie dêrnjonken foarsitter fan de AJF, Agrarisch Jongeren Fryslân en meiwurker fan de Dairy Campus yn Ljouwert. In organisaasje rjochte op de ynnovaasje fan de lânbou.
Sy hold har benammen dwaande mei de oernamen fan buorkerijen en it probleem dat boeren gjin opfolgers fine koene foar har bedriuwen. No sit sy dus ris oan de oare kant fan de tafel. In spearpunt sil foar har it transparanter meitsjen fan de bestjoerskultuer wêze.
Matthijs de Vries (ChristenUnie)
Matthijs de Vries wurdt ferantwurdlik foar natuer, ynfrastruktuer, iepenbier ferfier en Lelyline.

Aldens: 42 jier
Komt fan: Ljouwert
Oplieding: Maatskiplik wurk en Bestjoerskunde
Yn de polityk sûnt: 2019
Matthijs de Vries is opgroeid mei it kristlike leauwen én de polityk. Syn mem wie sekretaris fan it GPV (Gereformeerd Politiek Verbond). Neffens him is doe syn belangstelling foar polityk al ûntstien.
Listlûkersskip
De Vries sit sûnt 2019 yn de Fryske Steaten mar hat al wol wat eardere ûnderfining yn de polityk. Foar't er Steatelid wie, siet er yn de stipefraksje fan de ChristenUnie yn de gemeenteried fan Ljouwert.
Nei in oantal jierren as Steatelid naam er it listlûkerskip yn 2022 oer fan Wiebo de Vries. De ôfrûne jierren hold hy him dwaande mei tema's as ferfier, ynfrastruktuer, ekonomy en rekreaasje en toerisme.
Tsjerkebesite yn Cambuurstadion
Yn it deistich libben is De Vries fierder regiokoördinator WMO by Sociaal Domein Fryslân. Ek is er in echte Cambuursupporter. Sneins sit er nei tsjerketiid dan ek wolris yn it Cambuurstadion.
Benammen oer it iepenbier ferfier yn Fryslân hat er in soad ideeën. Bygelyks it ride litten fan grutte bussen is neffens him gau ferline tiid. Better soe wêze de fyts mei bussen te kombinearjen.
Friso Douwstra (CDA)
Friso Douwstra wurdt ferantwurdlik foar ekonomy, Europa, feangreide en mynbou.

Aldens: 39 jier
Komt fan: Ljouwert
Oplieding: Bedriuwskunde
Yn de polityk sûnt: 2010
Fan de fiif deputearren sit Friso Douwstra it langst yn de polityk, hy hat ek as iennige deputearre-ûnderfining. Sûnt 2021 sit er yn it kolleezje, doe folge hy Sander de Rouwe op.
Earder wie hy fraksjefoarsitter en wethâlder foar it CDA yn Ljouwert. Yn de Steaten hold Douwstra him ûnder mear dwaande mei de portefúljes Ekonomy, Finânsjes, Sport, Iselmar en Europeeske fûnsen.
Sa moast hy ûnder mear ûnderhannelje mei it Ryk oer de kwestje Thialf, dat troch de coronatiid en de hege enerzjyrekken yn jildproblemen kaam.
Sijbe Knol (FNP)
Sijbe Knol wurdt ferantwurdlik foar wenjen, enerzjytransysje en kultuer.

Aldens: 32
Komt fan: Sint Anne
Oplieding: Social Work
Yn de polityk sûnt: 2016
Sijbe Knol wie oant 2019 riedslid yn de gemeente Waadhoeke. Yn 2018 kaam er op de list fan de FNP fan Provinsjale Steaten en yn 2019 mocht hy dêr in sit ynnimme. In goed jier letter waard er al fraksjefoarsitter fan de partij. Mei syn 32 jier soe er de jongste fan it kolleezje wurde.
Brief nei Den Haag
Hoewol't er noch net sa botte lang meidraait yn de polityk, lit hy wol regelmjittich fan him hearre. Sa ek rjochting de nasjonale polityk. Yn july fan foarich jier skreau Knol bygelyks noch in brief nei Den Haag, hy rôp de kabinetsleden fan doedestiids op liederskip te toanen en 'oan de slach te gean'.
Ek oer it ûntbrekken fan de FNP yn de earste koälysjepetearen spruts Knol him út. Hy fûn it nuver dat trije partijen dy't yn sitten ferlern hiene dochs meiprate mochten, wylst de FNP neffens him al jierren stabyl regearre.
Op 19 july sil it nije kolleezje beneamd wurde. Foar it simmerreses kinne de deputearren oan de slach.