Op it nije Joadsk monumint fan Snits sil gjinien mear patat mei mayo ite

De ûntbleating fan it nije Joadsk monumint yn Snits © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Snits hat in nij Joadsk monumint. It âlde waard respektleas behannele, dus setten ferskate minsken har yn foar in werkenber byld.
Stielen trijehoeken foarmje it bonkerak fan it kein oerein steande byld. 'De Ferdwune Mienskip' stiet foar de âlde Snitser synagoge oer. It is makke troch de Joadske keunstner Piet Cohen.
"Het raamwerk is de maatschappij", leit Cohen út. "Daar ontbreekt een Davidsster in. Die is er echt uitgerukt, je ziet dat de randjes niet glad zijn. De blauwe blokken zijn de leden van de Joodse gemeenschap die verder zijn gegaan."
Monumint Snits
It monumint ferfangt syn foargonger, in Davidsster. Dat waard net goed behannele troch it publyk, seit oantreauner Henk van der Veer: "Dat foarege monument was gyn poarem mear. Kyndes en folwassenen dy't der op saten met un púdsje patat, de mayo gleed der bij del. Honnen dy't der teugen an miegden. Kòrtseid, ut was gyn waardech monument mear."

"Sneek op syn bêst"

Yn in jier wie alles al rûn, dus kin it monumint no al ûntbleate wurde. "Sneek op syn bêst", seit Van der Veer. "Ut is droegen deur de hele gemeenskap hier. Dit is fan oans, met mekaar. Un heel soad dingen gebeure in stilte. Dat ontroert."
In soad minsken út de Snitser mienskip en lânlike Joadske mienskip waarden ynset om it doek oer it monumint fuort te lûken. "Ut wurdden achttien linten. Groepen en individuen. En dêrmet symboaliseare wij ut getal achttien. Dat het met liefde en hoop te maken, un symboalise betekenis in ut Joadedom", seit Van der Veer.
It âlde monumint dat respektleas brûkt waard © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De Nederlânske Opperrabbijn Binyomin Jacobs is ien fan de achttjin minsken dy't holpen. Ek hold er in taspraak by de iepening. Jacobs fynt it monumint in yndrukwekkende betinking.
"Het is een soort grafzerk zonder graf voor de mensen die vermoord werden. Anderzijds staat het in het hart van Sneek. Mensen zien het en worden herinnerd aan wat eens was. Er zit ook een soort waarschuwing aan: Pas op! Zorg dat het niet weer gebeurt!"
Het vertelt meer dan hele hoofdstukken kunnen vertellen
Opperrabbijn Binyomin Jacobs
It monumint komt skiedkundich ek op in just moment. "Zij die de oorlog hebben overleefd, zijn er haast niet meer. Het is nu de generatie van na de oorlog, die van hun ouders hebben gehoord wat er gebeurd is. Maar doorvertellen is lastig", seit de Opperrabbijn.

"Zien zegt meer dan horen"

Jacobs fynt dan ek dat it monumint in grutte edukative wearde ha. "Dat klinkt misschien wat oneerbiedig, maar ik meen het. Het is belangrijk. Zien zegt meer dan horen. Het is beter als je je er iets bij voor kan stellen."
Dus kin it byld wat taheakje oan de lesstof, tinkt Jacobs. "Dit monument voor de voormalige synagoge spreekt boekdelen. Het vertelt meer dan hele hoofdstukken kunnen vertellen."
It monumint yn de Wijdeburgstrjitte yn Snits © Omrop Fryslân
Sawol Jacobs as Cohen hawwe in bân mei Snits. De beppe fan Jacobs komt fan de stêd. "En mijn vrouw was een dochter van een geboren arts uit Sneek", seit Cohen, "Die was weer de zoon van Hertzberger. Die heeft hier lang in Sneek gewerkt. Hij is heel actief geweest. Hij heeft bijvoorbeeld de bibliotheek en het Rode Kruis in Sneek opgezet."
Foar Cohen is it dan ek in ear dat syn eftergrûn, privee en wurk byinoar komme by it monumint. Al heakket er nuchter ta: "Het is enigszins toeval, maar het is een feit."