Sietse Lefferts (14) wint by de jonges mei stevich persoanlik rekôr yn Drylts

Sietse Lefferts kin grutsk op de wedstriid weromsjen © Omrop Fryslân
Yn Drylts waard by de senioaren de 20 meter wer net helle, mar yn oare kategoryen wiene der útsjitters. Sietse Lefferts fan Bûtenpost sprong by de jonges op 'e nij in persoanlik rekôr. Syn ôfstân fan 18,38 meter is no it leeftydsrekôr ljept troch in 14-jierrige yn Fryslân.
Ofrûne wike foar de wedstriid yn Winsum wie syn persoanlik rekôr noch hast 3 meter minder fier. Mar yn de lêste twa wedstriden liket Lefferts los. Hy ferbettere syn persoanlik rekôr fan 15,86 en ljepte doe al oer de 18 meter.
Sietse Lefferts (14) ljept fier foarby syn leeftiidsklasse yn Drylts
No wie dat dus noch in stik fierder en is er syn leeftiidsgenoaten fier foar. By de senioaren foelen de ôfstannen wat ôf. Gjinien kaam oer de tweintich meter.
Bauke de Jong wûn de wedstriid mei 19,89. It is foar De Jong syn twadde deititel. Rutger Piersma waard twadde mei 19.55 meter en Freark Kramer tredde (19.48)

Bokma wint by froulju

By de froulju pakte Sigrid Bokma de winst, krekt as yn Winsum. Ferskil wie wol dat har konkurrinte Marrit van der Wal der woansdeitejûn net by wie. Sy ljept gjin wedstriden troch de wike om't sy yn it suden fan it lân wennet. Bokma wûn de wedstriid mei in ôfstân fan 15,40 meter.
De winnende sprongen
By de famkes hat Noa de Boer de Fryske trui werompakt. Al it hiele seizoen is De Boer goed, mar ôfrûne wike waard sy ferslein troch Jeltske Terpstra. De Boer sprong woansdei 14,48 meter. Beide famkes binne favoryt foar goud op it Frysk kampioenskip.
Germ Terpstra hat syn sânde oerwinning by de junioaren binnenhelle. Terpstra stekt al in tiid mei kop en skouders boppe de konkurrinsje út en ljept ôfstannen dy't tichtby de ôfstannen fan de senioaren komme. Hy wûn yn Drylts mei 19,67 meter.