Harmen Kuperus wurdt keeperstrainer fan Suriname: "Ik wol graach nei it WK"

Harmen Kuperus, hjir noch as keeperstrainer by Go Ahead Eagles © Orange Pictures
Harmen Kuperus wurdt keeperstrainer by it nasjonale alvetal fan Suriname. Kuperus sil besykje mei Suriname it wrâldkampioenskip fuotbal te heljen.
Kuperus wie it lêste heal jier keeperstrainer by FC Grins, mar dat waard gjin sukses. FC Grins degradearre nei de earste divyzje en "yn goed oerlis" ha beide partijen besletten net fierder te gean.
Dêrfoar wie Kueperus keeperstrainer by Fortuna Sittard, Go Ahead Eagles, OH Leuven, KV Mechelen en sportklup Hearrenfean.

Gold Cup yn Florida

Kuperus hat sels al in kear mei west. Foar de Gold Cup, de belangrykste wedstriid foar lannen út Noard-Amearika, Sintraal-Amearika en it Karibysk gebiet, siet hy op de bank as keeperstrainer njonken bûnscoach Henk Ten Cate.
Suriname ferlear yn Fort Lauderdale yn de foarronden nei penaltys fan Puerto Rico (4-3).
Harmen Kuperus, twadde fan rjochts, yn syn tiid by Go Ahead Eagles © Orange Pictures
Carlo L'Ami, âld-Hearrenfeankeeper, wie keeperstrainer fan Suriname, mar hy giet mei Alfred Schreuder nei Al-Ain yn Abu Dhabi. L'Ami belle doe Kuperus oft hy it sitten seach. "Ik wie noch by FC Grins, mar dêr woe ik dochs net fierder. Dit is in moaie kâns. Sa kin ik foar in part keeperstrainer bliuwe, mar ek oare dingen dwaan."
Sa giet Kuperus ek oan de slach by VTON. Dat is in platfoarm foar klups en trainers, dy't dêr oefenstof krije kinne. Kuperus sil op it mêd fan keeperstraining dêr programma's en oefeningen foar ûntwikkelje.

Mei Suriname nei it WK

Kuperus hat as doel om it wrâldkampioenskip fuotbal te heljen. "Dat is ús doel ja. En dat kin bêst."
It foardiel is dat it WK fuotbal yn 2026 mei mear dielnimmers spile wurdt as oars. It oantal giet dan fan 32 nei 48 dielnimmers. "Dat betsjut dat we in gruttere kâns ha om ús te pleatsen."
It WK is yn Meksiko, Amearika en Kanada. Dy lannen binne dan al pleatst, mar trije oare lannen út Noard- en Midden Amearika kinne har dan pleatse. Konkurrinten binne dan lannen as Jamaika, Kosta Rika en Kuba.

Kuba-út

Mar earst mei Kuperus it mei syn keepers besykje te winnen fan Grenada. "Dat is de earste wedstriid foar de Nations League. Dêrnei meie we tsjin Kuba."
Kuperus seach de lêste wedstriid Warner Hahn op de goal stean, mar ek Kenneth Vermeer (37 jier) hat him beskikber stelt foar it nasjonale team fan Suriname.