Wat bart der mei in lichem neidat it fûn is yn see?

As in lichem yn see fûn wurdt, lykas snein by Skylge, komme ferskate ynstânsjes yn aksje. De iene fersoarget it ferfier, dêr't de oare him bûcht oer de identifikaasje. Hoe sjocht dit proses der fan a oant z út?
Ien kear yn de safolle tiid komt it foarby yn it nijs: in libbenleas lichem dat fûn is yn see. Sneintemoarn wie dit ek it gefal. It stoflik omskot fan in folwoeksen persoan waard fûn op 1,5 kilometer ôfstân benoarden Skylge. It lichem waard opmurken troch in passearjend jacht.
Kustwacht belje
Der binne heldere ôfspraken oer wat der dêrnei bart. Alderearst moat der kontakt lein wurde mei de kustwacht. "Als de melding bij ons binnenkomt, kijken we naar wat de exacte positie is", seit Edwin Granneman fan de kustwacht.
De kustwacht bellet dêrnei fuortendaliks de plysje, dy't op har beurt it stoflik omskot ophellet. "Als er geen politievoertuig beschikbaar is, of wij toevallig in de buurt zijn, dan gaan wij erheen."
Lyksek
Yn it uterste gefal fart de Koninklijke Nederlandse Redding Maatschappij (KNRM) út om it lichem te bergjen. Mochten der fertochte omstannichheden wêze, dan kin de plysje meifarre. Oars wachtet se oan de wâl op de boat.
It lichem wurdt yn in lyksek ferfierd. Sa leit it net los op it dek, en kinne de minsken oan lân it lyk net sjen.

In útfeartfersoarger of de plysje nimt it lichem dêrnei fan it lân ôf mei foar ûndersyk. Earst sil de plysje dernei sjen. It lyk leit dan yn in eigen ienheid of in sikehûs. Oan de hân fan bygelyks fingerôfdrukken is it bytiden ienfâldich fêst te stellen om wa't it giet. Ek in ID-kaart of tattoos helpe.
As dit gjin wissichheid biedt, kin it Nederlands Forensisch Instituut (NFI) mooglik it lêste setsje jaan. Is it lichem noch yn goede steat, dan wurdt der bloed ôfnommen. Dat is lykwols net altyd it gefal.
Nei patholooch by mooglik misdriuw
"Als een lichaam in een verdere staat van ontbinding is, kun je geen bloed meer gebruiken", seit Arnoud Kal, DNA-deskundige by it NFI. "We gaan dan over tot het afnemen van bijvoorbeeld bot- of spierweefsel, of gebruiken een tand of kies. Daarin blijft het DNA goed bewaard." Dit wurdt dien troch saneamd seksjeassistinten, dy't it meinimme nei it NFI.
Mochten der saken wêze, lykas lichaamlike ferwûnings, dy't in misdriuw fermoeden dogge, dan sjocht de ôfdieling patology dernei. De minsken dêr sille besykje te achterheljen wat de mooglike deadsoarsaak is.
Mocht er een vermoeden bestaan om wie het gaat, dan vragen we aan familie om referentiemateriaal.
As it DNA-team it weefsel ôfnommen hat, moat se it earne mei ferlykje, om in profyl fêststelle te kinnen. De earste stap foar de plysje is dan kontakt opnimme mei de famylje, fertelt Kal.
"Mocht er een vermoeden bestaan om wie het gaat, dan vragen we aan de familie om referentiemateriaal. Denk daarbij aan wangslijmvlies. Dat kan van ouders, broers, zussen of zijn of haar kinderen zijn."

Der binne ek gefallen wêrby't it NFI noch yn it tsjuster taast oer de identifikaasje. Yn dat gefal wurdt in berop dien op de DNA-databank mei Vermiste Personen. Hjiryn stean de DNA-profilen fan ûnbekende deaden, fermiste persoanen en famyljeleden fan fermiste persoanen.
I-Familia databank van Interpol
"Zo proberen we alsnog een match te krijgen. Mocht ook dat niet lukken, dan kunnen we gebruikmaken van de I-Familia databank van Interpol. Die verzamelt profielen van over de hele wereld", seit Kal. Hy heakket deroan ta dat famylje him soms nei jierren meldt om DNA ôf te jaan, wêrnei't der dochs noch in match útrôlje kin.
De lichems komme allegear yn ferskate steaten fan ûntbining út see. It iene leit der koart yn, en it oare jierren. Yn dat lêste gefal moat it NFI it dwaan mei skelettearre botmateriaal. Meastal kin se ek dêrmei út de fuotten.
Waarm en soerstofryk wetter kin dat lykwols it lêste bytsje DNA ferdwine litte. By kâld, stilsteand wetter, bliuwt in lichem it langst geskikt foar ûndersyk.
De omgeving van het slachtoffer wil zo snel mogelijk weten om wie het gaat. Dus het onderzoek gebeurt met spoed
"Meestal kunnen we na een paar dagen of een week rapporteren aan politie", seit Kal. "De nabestaanden willen natuurlijk zo snel mogelijk informatie ontvangen. Dus dit gebeurt met spoed." As der inkeld bonke fûn wurdt, en der gjin fermoeden is fan in identiteit, dan is it dreger om in goed DNA-profyl te krijen en is in spoedproseduere net nedich.
As de DNA-saakkundige wit om wa't it giet, bepale de plysje en de neibesteanden úteinlik wat der mei it lichem bart.