Sibrich fan Seisbierrum makket keunstwurkjes fan sûkelade yn lúkse hotel Praach

Sibrich Bakker (27) wurket as patissjêre yn in luksueus hotel yn Praach. De boeredochter út Seisbierrum hat ek yn Dûbai wurke. Soms mist se de pleats.
In nasjonale patisserywedstriid wie it opstapke nei in baan yn bûtenlânske hotels dêr't de ynternasjonale jetset ferbliuwt. Nei har opliedingen yn Nederlân en de dielname oan de wedstiid - yn coronatiid - koe Sibrich oan it wurk yn Dûbai.
In patissier makket keunstwurkjes fan sûkelade, sa kinst it wol sjen. "Bist op in kreative en keunstige wize mei iten dwaande", leit Sibrich út.
Se wurket foar it Four Seasons-hotel. Mei fiif stjerren hearre de hotels fan dy keten ta it djoerdere segmint. "Elk is wolkom, mar betellest in behoarlike priis." De keten hat festigings yn ferskate lannen, mar net yn Nederlân.

Foarôfgeand oan Praach wurke se by Four Seasons yn Dûbai, mar dêr woe se op in stuit wei. It libben yn Dûbai is bannich en de wurksfear is yntins. Sibrich: "Soks hâldst net hiel lang fol."
Se hie boppedat it gefoel dat se dêr wol sa'n bytsje útgroeid wie. Tiid foar wat nijs dus. Se woe graach by de hotelketen bliuwe. Binnen in moanne hie se wat fûn. Se koe oan de slach by de festiging yn de Tsjechyske haadstêd Praach.
Heit en mem hawwe mei de auto myn winterklean brocht.
De ferhuzing fan Dûbai nei Praach gie mei in koffer yn it fleantúch. Koffers mei ynhâld meie, lykas bekend, net swierder wêze as in fêststeld tal kilo's. Swiere jassen en truien hie se net mei nei Dûbai. It wiene inkeld simmerklean, want yn Dûbai is it altyd waarm. Mar yn oktober is it wol kâlder yn Praach. Har âlden woene har wol helpe. "Doe't ik nei Praach ferhuze, binne heit en mem mei de auto út Nederlân kaam om myn winterklean del te bringen."
Grien en histoarysk
Yn Praach dielt se in appartemint mei in oar famke. It wenjen dêr foldocht har poerbêst: "Ast bûten de drokke, toeristyske dielen fan de stêd komst, is it prachtich. Hiel histoarysk. In soad parkjes en grien."

En dan de Fryske Flagge-hamfraach: Mist se Fryslân? Soms wol, seit se. Se hat it yn Praach tige nei 't sin. mar mist famylje, freonen en de pleats. En ek hurddraven yn it Fryske lânskip. "Fryske rûntsjes draven is dochs wol ien fan moaiste dingen dy't der binne."
Japan
Sibrich wol in jier of oardel jier yn Praach bliuwe en dan fierder omsjen. Har dream is it om yn Tokyo te wurkjen. Dat giet net sa maklik. It is dreech om in fisum te krijen foar Japan. Miskien giet se earst wol tydlik earne oars hinne. Kanada of de Feriene Steaten lykje har ek te gek. Se sjocht wol wat op har paad komt.