Ljouwerter fuotballer Kik Pierie ferruilet Ajax definityf foar Excelsior

Kik Pierie yn it shirt fan Excelsior © Orange Pictures
Kik Pierie fan Ljouwert makket definityf de oerstap nei Excelsior Rotterdam. De 22-jierrige ferdigener, dy't it ôfrûne seizoen al in healjier op hierbasis foar de Kralingers spile, hat foar twa jier tekene yn Rotterdam.
"De laatste weken waren een beetje onrustig. Ik wilde heel graag terug naar Excelsior, maar moest geduld hebben. Alle partijen moesten er eerst uitkomen. Ik wist zelf dat ik dit wilde en dan is het top als het eindelijk zo ver is", seit Pierie oer syn transfer.
Ajax naam Pierie yn 2019 oer fan sc Hearrenfean, mar yn Amsterdam koe er nea trochbrekke. Hy waard útliend oan FC Twente en Excelsior en spile by Ajax yn it belofte-alvetal. Hy hie yn Amsterdam noch in kontrakt foar in jier.