FNP woe meidwaan oan Twadde Keamerferkiezingen, mar de partij 'is der noch net ree foar'

FNP-foarsitter Jan Arendz © ANP Foto
Op it jubileumfeest ôfrûne jannewaris waard it grut oankundige: de FNP wol meidwaan oan de Twadde Keamerferkiezingen. Mei de fal fan it kabinet komme dy ferkiezingen no dochs te betiid, seit partijfoarsitter Jan Arendz.
De partij wie fan plan om de leden yn oktober te freegjen nei harren miening oer it plan. "Dan begjint it pas allegearre. Der moat dan noch hiel wat gebeure, dus we binne der op it stuit noch net ree foar", seit Arendz.
"Je moatte in ferkiezingsprogramma hawwe, je moatte minsken op 'e list hawwe. Der moat in kampanje komme. Dêr is ek in soad jild foar nedich. Dat moatte je earst allegearre regelje", leit de foarsitter út.

Goed plan

As foarbyld neamt Arendz it ynskriuwen foar kieskringen. "As je oan de lanlike ferkiezingen meidwaan wolle dan moast dy ynskriuwe yn njoggentjin kieskringen. Dat kostet mear as 10.000 euro de kieskring. Dan moat der dus ek in hiel soad jild komme."
Boppedat moat de FNP ek noch in miening foarmje oer in hiel soad lanlike ûnderwerpen. "Asylsikers en de Noardsee, bygelyks. Datsoarte dingen dêr is in hiel soad tiid foar nedich. Je moatte in hiel goed plan hawwe."
De ferwachting is dat der yn 2024 in nij kabinet komt, dat soe bestjutte dat de folgjende ferkiezingen yn 2028 pland steane. In jiertal wol Arendz sels lykwols noch net neame. "Earst moatte de leden mar ris stimme."