Curvalicious Diamond bliid mei Pride yn Kollum: "It is foar eltsenien"

Curvalicious Diamond © Omrop Fryslân
"Lit ús ús ding dwaan en doch do dyn ding", seit Curvalicious Diamond nei de opskuor oer de Pride yn Kollum. It is just wichtich dat de lhbtiq+-mienskip him sjen lit yn in doarp as Kollum, fynt dy.
'Curvalicious Diamond' is de namme wêrmei't Wietze Hoekstra fan De Trieme as dragqueen bekend waard. Dy identifisearret har as non-binêr, al is dat ek net altyd like krekt. In besite oan de Pride yn Ljouwert wie foar Wietze jierrenlyn in befrijing. De sichtberens fan de dragqueens dêr fielde as in befrijing.
Yntusken hat Curvalicious tûzenen folgers op sosjale media. Mei make-up, glitter en lange neils dûkt dy ekstravagant it nachtlibben yn om te performen.

As it yn de buert komt

Wêrom't de oankundige Pride yn Kollum sa gefoelich leit, doart dy net te sizzen. "Wêrom? Sy fleane allegearre nei Amsterdam, want dat is leuk. Dêr steane tsien dragqueens op in boat dy't swaaie. Dan wolle sy wol oan de kant stean, mar as it hjir yn de buert komt, dan is it ynienen negatyf, raar, nuver en 'dat hoecht hjir allegearre net'."
De Pride mei Rôze Sneon yn Ljouwert, in pear jier lyn © ANP
Mar it is likegoed wichtich foar de minsken hjir om wêze te kinnen wa't je binne, sa seit dy. "Ik tink dat it in hiel wichtich ding is dat it einlings hjir yn Fryslân wat ûnder de oandacht komt. Dat minsken ek sjen kinne dat Pride gewoan in foarm fan it fieren fan frijheid is."
It hat neat mei wa'tst bist te krijen, it giet mear om wêze wa'tst wêze wolst. Je hoege der net homo of lesbysk of whatever foar te wêzen.
Curvalicious Diamond
Der is noch in soad misbegryp oer wat in Pride krekt betsjut, sa is it gefoel. "It hat neat mei wa'tst bist te krijen, it giet mear om wêze wa'tst wêze wolst. Je hoege der net homo of lesbysk of whatever foar te wêzen. Je kinne gewoan jesels wêze, dêr giet it om. It is foar eltsenien."

Akseptaasje

De hoop is dan ek dat oaren ynsjogge hoe bysûnder de lhbtiq+-community eins is. "Hoe hecht de bân tusken de minsken is, om't sy inoar sjogge en supporte. Sy hawwe in eigen famylje keazen boppen harren eigen famylje, om't sy net altyd akseptearre wurde."
© curvalicious_diamond
Sels hat dy ek in soad te lijen hân fan negative reaksjes op it foarkommen. "In hiele protte. Mar ik besykje it safolle as mooglik te filterjen, posityf te bliuwen en de goede dingen derút te heljen. Foar eltsenien is it dreech om mei negative dingen om te gean, mar besykje posityf te bliuwen en 'foarút mei de geit'."

"Ferstân op nul"

Dy is dan ek gewoan fan doel om nei Kollum te kommen, nettsjinsteande alle opskuor. "Ik meitsje my der net sa drok om. Ast der net oer kinst, sjochst de oare kant mar op."
© Omrop Fryslân
Curvalicious Diamond hat dan ek in soad nocht yn de Pride. "Absolút. Ik sis altyd: ferstân op nul en gewoan gean. Wy sjogge it wol. Ik meitsje my der net te drok om."
Curvalicious Diamond fynt it wichtich har te uterjen as part fan de lhbtiq+-mienskip