Groep bewenners fan Ljouwerter wyk Bilgaard hat noed oer nij azc

Bewenners op de gearkomste © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
In groep bewenners fan de Ljouwerter wyk Bilgaard hat grutte noed oer it nije asylsikerssintrum dat boud wurde sil oan de Troelstrawei. Dat die tiisdeitejûn bliken op in gearkomste yn de wyk. "Een azc naast een vliegbasis? Dat mag nooit doorgaan."
Begjin dit jier gong de gemeenteried fan Ljouwert akkoart mei de fêstiging fan in Regionale Opvanglocatie, in saneamde ROL. Der komme 45 wenningen foar 450 flechtlingen op it terrein fan Tuin neist de fleanbasis.
De Bilgaardbewenners begripe der neat fan, sa fertelden se yn it wyksintrum oan de Hooidollen. "Mensen uit oorlogsgebied die getraumatiseerd zijn, laat je toch niet wonen naast een terrein waar voor de oorlog wordt geoefend", sa waard der sein. Boppedat soene de flechtlingen yn in munysjesône wenje. "Dat is toch levensgevaarlijk."
Bewenners op de gearkomste © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De inisjatyfgroep 'Troelstraweg en omgeving' wol graach dat de gemeenteried har beslút weromdraait. "Oars nimme we juridyske stappen", seit Sietske Inberg fan de groep. Se wennet oan de Vierhuisterweg by de fleanbasis en fernimt troch de komst fan de F-35 yn 2019 in tanimming fan lûdsoerlêst.
Om de desibellen op it terrein fan it nije azc yn kaart te bringen, komt der mooglik in mobyl mjitpunt. Op guon plakken om de fleanbasis dêr't al sûnt 2019 mjitten wurdt, is it lûd gefaarlik hurd, seit húsdokter Foekje Kalsbeek dy't yn Koarnjum wennet. "Er zitten pieken bij van boven de 115 decibel. Dat gebeurt tientallen keren per maand en dat levert permanente gehoorschade op."

Yntegraasjewyk

De gemeente hat Bilgaard oanwiisd as yntegraasjewyk foar de nije bewenners fan de ROL. Dêr binne se net wiis mei. "Der wenje al in soad bûtenlanners yn de wyk en we drage al genôch by. Tagelyk binne hjir ek in soad problemen, bygelyks mei drugsoerlêst", seit Ingberg.
Ien fan de oanwêzigen ferwurde it oars. "Er wonen hier al zoveel mensen met een andere achtergrond. Straks moeten we Arabisch spreken om met de buren te kunnen communiceren."