Sterke Yerke IV is klear foar in nije oerstek nei Londen: "Een lust voor het oog"

Sterke Yerke IV op de proeffeart © Fred Lakerman/Terschellinger Bank
De Sterke Yerke is klear foar in nije oerstek nei Londen. Yn augustus farre trije âlde flotfeteranen mei seis nije bemanningsleden de see oer, sa is de bedoeling. De Sterke Yerke is op dit stuit op proeffeart en dat foldocht goed.
"We moesten natuurlijk even proefvaren, je wilt er niet halverwege Londen achter komen dat 'ie toch niet zo geschikt is", ljochtet Guus Schweigmann ta, ien fan de feteranen efter de Sterke Yerke.

'Flot fleach troch it wetter'

"We zijn in een opperbeste bui", sa seit er. Tiisdeitemoarn om 06.00 oere ferliet it skip de haven fan Harns. "Alles was mooi te bezeilen. Gedurende de dag, toen we ongeveer op hoogte waren van Richel bij Vlieland, begon het stevig te waaien in windkracht 5-6. Het vlot vloog door het water heen."
Schweigmann is der dúdlik oer te sprekken. "Het was een lust voor het oog en geweldig om te beleven. Het zonnetje kwam erbij, het was een fantastische zeildag. We hadden plannen om helemaal tot de uiterton te gaan, ver boven Vlieland. Daar kwamen we niet helemaal, maar we hebben toch even de deining geproefd boven Vlieland."
Een vlot hoort op zout water, niet op de binnenwateren
Guus Schweigmann
It wie de earste gewaarwurding mei it echte, sâlte wetter. "Een vlot hoort op zout water, niet op de binnenwateren", is Schweigmann fan betinken.
Guus Schweigmann mei ien fan de nijelingen, Nika van Asselt (studint Kust-en Zeemanagement yn Ljouwert) © Fred Lakerman/Terschellinger Bank
De oerstek liket in poepetoer, mar dat falt wol ta. "Menig zeiler zal het niet geloven, maar het dek van een vlot dat maar één meter boven water ligt, wordt niet nat. Alleen van de regen, maar niet van de zeegang."
Omdat it seil yngreven oanpakt wie, wie de ploech benijd oft it ek oan de wyn sile koe. "Dat lukte goed. We hebben ongeveer 70 graden aan de wind kunnen varen, bij de vorige vlotten kwamen we echt niet zo hoog. Het was fantastisch om te zien: dat je echt tot 70 graden aan de wind nog 7-8 knopen kunt lopen."
Schweigmann fertelt dat de Sterke Yerke IV in oplûkber swurd hat, sa't it flot ek drûchfalle kin. "Dat is ideaal voor het Wad en de Terschellinger gronden."

Farklear om de Tower Bridge te berikken

"We zijn ervan overtuigd dat 'ie vaarklaar is voor Londen", seit er grutsk. "Dan komen toch weer de herinneringen naar boven van vroeger."
De earste Sterke Yerke waard yn 1974 boud troch in tal jonges fan Ljouwert. It jier dêrop besochten sy om nei Londen te farren, mar dat mislearre. Mei de Sterke Yerke II slagge it wol Londen te berikken. Yn 1979 hellen se de Nederlânske Antillen mei it flot. De ploech efter it flot freget mei de aksjes omtinken foar it probleem fan de plastic soup.
"We zijn tien jaar geleden al begonnen met plannen voor een vlot Sterke Yerke IV, om het stokje over te dragen aan de jeugd", fertelt Schweigmann.

It kin de wrâld oer

De freonen lieten it flot diskear bouwe en diene it net mear sels. "Dat was maar goed ook, want je kunt niet zoals destijds zomaar wat bouwen en de zee op. Alles moet tegenwoordig gecertificeerd en gekwalificeerd. We hebben nu een vlot die de wereld over kan."
Mar de Sterke Yerke set earst mar ris útein mei in ritsje Londen. Op 1 augustus besiket de Sterke Yerke IV út Harns wei, fia Teksel nei Londen ôf te reizgjen.