Canal Pride Kollum is foar Milan (20) de grutte dei: "Blijven werken aan tolerantie"

Milan van Brummelen © Omrop Fryslân
By in part fan it doarp leit it gefoelich: de Canal Pride yn Kollum. Milan van Brummelen (20), oanjager fan it evenemint, sjocht foaral út nei de grutte dei. "Hopelijk kan ik hier straks trots op zijn, samen met Kollum en Fryslân."
Sy soe der eartiids in soad oan hân hawwe, seit Van Brummelen, in flink statement foar de lhbtiq+-mienskip. No makket sy sels in fûst, mei de Canal Pride yn Kollum.
"Misschien zijn er hier nu ook mensen die zich eenzaam voelen vanwege hun geaardheid. Net als ik destijds", seit Milan, dy't non-binêr is en yn transysje sit.
Radiostjoerder 3FM is mei omrop HUMAN inisjatyfnimmer fan de Canal Pride, dy't ferline jier yn Nijverdal holden is. It idee derfan is om te ûnderfinen hoe't doarpen tsjin de lhbtiq+-mienskip oansjogge. Ynwenners kinne harren doarp foardrage, wêrnei't de organisatoaren yn in plak in Pride opsette.

Fandalisme

Ofrûne maaie waard yn Kollum it reinbôgebankje bekladde. Dêrûnder wie te lêzen: 'Gay is niet okay'. Dy aksje gie Milan kâld troch de lea.
"Ik dacht: hoe mooi zou het zijn als dat hier in Kollum komt? Dat het ook echt gebeurt, had ik nooit gedacht en voelt zowel raar als fijn. Het is belangrijk om awareness te creëren en een podium te bieden aan queers in Fryslân."
Milan van Brummelen oer de Canal Pride yn Kollum
De Pride is der ek om te ynformearjen. Milan ferwachtet dat net alle bewenners witte wat termen as non-binêr en trans ynhâlde. "Sneon wolle wy it dêroer ha. Miskien soarget dat by guon foar mear begryp."

Oer it wetter en troch strjitten

By de Canal Pride farre der ferskate boaten troch de wetters fan Kollum, sa as dat ek bart by de Pride yn Amsterdam. Ek stiet der noch in optocht troch it doarp op de planning. Eltsenien is dizze dei wolkom, likegoed as taskôger as dielnimmer.
Milan sil woansdei troch it doarp om te flyerjen. Want is doel is om safolle mooglik Fryske queers byinoar te bringen. 3FM regelet de rest.
Sy hat ferskate petearen mei 3FM hân. "Ze waren enthousiast over mijn verhaal. Ik denk omdat ik duidelijk maakte dat Amsterdam volgens mij helemaal niet het walhalla is voor de lhbti-gemeenschap."

Agresje yn grutte stêden

Grutte stêden wurde faak sjoen as foarútstribjend. Milan seit lykwols mei klam dat der ek in soad agresje foarkomt yn 'e rjochting fan lhbtiq+'ers.
"Het is prachtig dat iedereen tolerant is tijdens de Pride in Amsterdam. Maar er worden daarna nog steeds mensen van de boot in elkaar geslagen als ze de taxi willen pakken."
In Fryslân lijken ze er wat nuchterder en neutraler in te staan. Zo van: 'Ik wit it net hear, mar lit him mar'."
Milan van Brummelen
"In Kollum heb ik nooit agressie ervaren", fertelt Milan. "Ook ben ik niet uitgescholden. In Fryslân lijken ze er wat nuchterder en neutraler in te staan. Zo van: 'Ik wit it net hear, mar lit him mar'."

Fûle krityk

Dochs is der ek stevige krityk. Sa spruts in part fan de bewenners him fûl út tsjin de Pride yn Kollum. It reinbôgjebankje yn it doarp is op 'e nij bekladde en op sosjale media binne hurde reaksjes pleatst.
It docht Milan nei eigen sizzen neat. "Dat houd je altijd. Met sommige mensen kun je gewoon niet in gesprek. Die staan er niet voor open. Voor hen organiseren we de Pride dan ook niet."
Milan van Brummeren © Milan van Brummeren
De fanfare yn it doarp is troch Milan frege foar de Pride. In oantal sjocht it wol sitten, mar in oar part wol der net mei assosjearre wurde en docht net mei. Dat lit har dochs net kâld. "Het is vooral gek dat deze geluiden uit je eigen dorp komen."
We leunen in dit land te veel op onze zogenaamde tolerantie. Maar daar moet je aan blijven werken.
Milan van Brummelen
Sawiesa is der noch in wrâld te winnen, mient Milan. "We leunen in dit land te veel op onze zogenaamde tolerantie. Maar daar moet je aan blijven werken. Want Nederland blijft zakken op de wereldwijde ranglijst van lhbti-rechten. We zijn dan wel voorloper geweest, maar dat kun je niet op blijven teren."

Mear begryp

Oft it evenemint ek echt tolerânsje yn de hân wurkje sil, doart se net te sizzen. "Maar als zou het maar een paar bewoners positief van inzicht doen veranderen, was het de moeite waard", zegt Milan. "Hopelijk kan ik hier straks trots op zijn, samen met Kollum en Fryslân."