Gemeente Eaststellingwerf sil optrede tsjin permaninte bewenning: "Daarvoor is het niet bestemd"

De Hildenberg yn Appelskea © Google Street View
De gemeente Eaststellingwerf sil optrede tsjin permaninte bewenning op fakânsjepark De Hildenberg yn Appelskea. By de gemeente binne fersiken binnenkommen om tsjin de permaninte bewenning yn aksje te kommen.
In groep eigeners fan rekreaasjewenningen kleit dat harren wenningen op it park minder ferhierd wurde en de rekreative útstrieling fan it park efterút giet. In projektûntwikkelder dy't der sa'n tritich nije rekreaasjewenningen bout, wol ek gjin permaninte bewenning.
Der is ek in groep húseigeners dy't fan it park in hybride wen- en fakânsjepark meitsje wol. De gemeente is dúdlik: "Dat is niet wat we in het begin met oprichten van Hildenberg hadden gepland. Het is een recreatief park, daarvoor is het ook bestemd."
It gemeentehûs fan Eaststellingwerf © Lourens Looijenga
Permaninte bewenning mei dus net fan de gemeente, mar in resinte ynventarisaasje lit sjen dat it wol bart. Dat seit wethâlder Gerben But. "Een behoorlijk aantal mensen woont daar permanent. Het krijgt nu een ander karakter. Het is onttrokken aan de natuur en er is een recreatieve bestemming op gezet."

Oare plakken

Yn novimber 2021 bepaalde de gemeente al dat de permaninte bewenning oanpakt wurde moast. "Permanente bewoning speelt op een heel aantal plekken in Ooststellingwerf." Mei de gemeenteried is no ôfsprutsen om Hildenberg, it jongste park fan de gemeente, as foarbyld te brûken om te sjen hoe't de kwestje oanpakt wurde kin.
De gemeente hat ek noed oer de ynfloed fan permaninte bewenners op de parken. "We weten allemaal dat permanente bewoning ook een ander soort gedrag met zich meebrengt. Ook ondermijning zie je op zulke parken ontstaan. Dat wil je voorkomen."
De bewenners en rekreanten sille dêr de kommende tiid wol wat fan fernimme. Dêrom wurdt der earst in gearkomste organisearre, fertelt But. "Om te vertellen wat de bedoeling is, hoe we dat gaan aanpakken. We willen het op een nette manier doen, maar we gaan wel handhaven."