Oankundiging Pride yn Kollum smyt fûle reaksjes op; reinbôgebankje bekladde

De oankundiging fan HUMAN en 3FM om in Pride yn Kollum te organisearjen liedt ta fûle diskusjes op sosjale media. Njonken ferskate reaksjes op ynternet is ek it reinbôgebankje yn it doarp nei de oankundiging op 'en nij bekladde.
Inisjatyfnimmers HUMAN en 3FM kundigen moandei yn in fideo oan dat se sneon 15 july in Canal Parade yn Kollum organisearje. Kollumers Milan van Brummelen en Kim van Soest skreaune HUMAN en 3FM oan om it evenemint nei it doarp te heljen.
Haatreaksjes
Op de oankundigingsfideo kamen fia Facebook ferskate haatreaksjes fan minsken dy't fine dat it evenemint net past yn Kollum. Ek it reinbôgebankje yn it doarp waard yn de nacht nei de oankundiging bekladde. Tsjinoer de haatreaksjes steane ek positive reaksjes by it berjocht.

It wie krekt dat reinbôgebankje dat de oanlieding wie foar dit evenemint. It waard earder ek alris beklad. Van Soest: "Een paar dagen nadat het bankje was beklad, hoorden we de oproep voor Pride in mijn Dorp op de radio. Die oproep kwam als geroepen, want wij waren juist erg blij met het bankje."