Leechsteande skoalle yn Aldetrine wurdt mooglik opfang foar Oekraynske flechtlingen

De leechsteande skoalle yn Aldetrine © Google Street View
It gebou fan basisskoalle Lantscheene yn Aldetrine wurdt mooglik in opfanglokaasje foar Oekraynske flechtlingen. De skoalle giet ticht en de gemeente dy't eigener is siket in nije bestimming foar it gebou.
Der hat al in petear west mei pleatslik belang Sonnegea-Aldetrine. De gemeente sil de kommende ferkenne oft it mooglik is de skoalle te brûken foar opfang. Se ferwachtsje yn septimber in beslút te nimmen.
Ek yn de gemeente Opsterlân wurdt yn 3 doarpen sjoen oft leechsteande skoallegebouwen brûkt wurde kinne foar opfang fan Oekrainers. It giet om De Gordyk, Lúkswâld en Nij Beets.