Omrop-ikoan Gryt van Duinen lit jild nei oan 'har' pontsje fan Keimpetille

In fytser wurdt op it pontsje holpen © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Omrop Fryslân-ikoan Gryt van Duinen hat ek nei har ferstjerren yn april dit jier it Frysk kultureel erfgoed stipe. Se lit 150.000 euro fan har erfskip oer oan trije organisaasjes.
Oer in wyt skulpepaad komst oanrinnen nei in daalders plak. Minsken út de omkriten fan Keimpetille (in buorskip by Sweins) sitte dêr oan de kofje. Se meitsje daliks de oertocht oer it Van Harinxmakanaal hinne, of komme krekt fan it pontsje ôf. Op it skippershûske stiet yn grutte letters: "Alle wille by Keimpetille."
It is in útspraak fan Gryt van Duinen. De âld-Omropmeiwurker ferstoar yn april dit jier. Van Duinen wie fan ûnskatbere wearde by it werombringen fan it pontsje. It wie har libbenswurk suver ek wat. It betsjut in soad foar de omjouwing.
Gryt van Duinen yn 1994 © Omrop Fryslân
Sels no stipet Van Duinen it pontsje noch. Se lit in erfskip fan 150.000 euro efter . Dy 'legaten' (erfskippen mei in bysûndere bestimming) gean nei de stichting fan it Pontje fan Keimpetille, it Frysk sjongfestival Liet en toanielskip Tryater, seit tantesizzer Jelly van Duinen.

Kultuer en Taal

"In jier as tsien lyn binne myn broer en ik frege oft wy har testamint útfiere woene. Dat hawwe wy tasein. De ôfrûne moanne kamen wy der efter dat de legaten yn har testamint stean."
Dat binne organisaasjes dy't har bot oan it hert giene, seit Jelly van Duinen: "Dy passe by hoe't se yn it libben stie. Sy hat in soad te krijen hân mei kultuer en taal. Ik tink dat sy dat yn har neilittenskip nei foaren komme litte woe."
De grutste en sterkste ferhalen wurde ferteld.
Pontfrijwilliger Auke Talsma
Undertusken klapt de laadklep fan it pontsje del op de steger. Sân fytsers en in scooterrider komme derfan ôf. Guon bûgje fuortendaliks ôf nei it skippershûske foar in bakje kofje.
"It is hjir suver in sosjaal plak", seit frijwilliger Auke Talsma, "As je sjogge watfoar minsken hjir komme, somtiden yn it scootmobyl. Dy sitte hjir dan in iisko te iten en in kop kofje te drinken. De grutste en sterkste ferhalen wurde ferteld."
De pont is dan ek populêr. It ôfrûne jier hat it sa'n 12.500 minsken oerset. "It legaat jout foar ús in soad ekstra romte om de dingen te ûnderhâlden. It bliuwt in pontsje mei bewegende dielen. No kinne wy de saak goed yn stân hâlde", seit Talsma.
Legaat fan Gryt van Duinen foar it pontsje
De twa oare legaten gean dus nei kultuerorganisaasjes Liet en Tryater. "It is foar Liet in ynjeksje om it festival foar langere tiid organisearje te kinnen", seit Tjalien Kalsbeek fan Liet. "Wy krije aldergeloks ek subsydzjes, mar dat kin net in edysje fan Liet dekke."

Fokus op Fryske Taal

Mei it legaat soe in folslein jier fan Liet dutsen wurde, mar fansels sil de organisaasje op 'e siik bliuwe nei sponsoaren: "It soe ek skande wêze as it legaat yn ien jier wer op wêze soe."
Ek Tryater is wiis mei de stipe: "Yn alle aktiviteiten wie Gryt har fokus benammen rjochte op de Fryske taal. In eksakte bestimming foar it jild is noch net bekend, mar wis is dat de klam dêrby op de Fryske taal lein wurde sil."
It pontsje fan Keimpetille © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Mar ek jild is mar tydlik, merkt Talsma mei rjocht en reden op. Dus hat it bestjoer in plan betocht om de oantinkens oan Gryt van Duinen permanint te meitsjen: "Wy hawwe as bestjoer sein dat it paadsje nei it pontsje ta opknapt wurdt fan it legaat, dat wurdt dan it Gryt van Duinen-paad."
Sa sil der altyd in oantinken wêze oan de stipe en ynset fan Van Duinen, as je weromrinne fan it daalders plakje oer it wite skulpepaad.