Mark Rutte ferlit de polityk, VVD Fryslân fynt syn opstappen 'begryplik'

Rutte makke moandei bekend de polityk te ferlitten © ANP
It tiidrek fan de kabinetten Rutte is foarby, want Rutte is net mear beskikber as VVD-listlûker. VVD Fryslân jout oan de kar fan de partijlieder 'begryplik' te finen.
"Ik denk dat het goed is dat er weer een nieuwe frisse wind gaat komen. Ik denk dat het een goed en wijs besluit is", seit Avine Fokkens, ôfswaaiend VVD-fraksjefoarsitter en deputearre yn Fryslân.
"Voor de man zelf is het een persoonlijk drama", seit Fokkens wol. "Dat zegt hij ook: het gaat met emotie. Voor hem persoonlijk vind ik het hartstikke rot, maar ik denk wel dat het een goed besluit is."
Rutte is net grutter as it lânsbelang, seit sy. "Het was iemand die heel graag wilde, maar ik denk dat hij ook heeft ingezien dat het goed is dat hij een stap terugdoet."
Avine Fokkens-Kelder (VVD) © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Steatelid Eric ter Keurs, nei Fokkens de nûmer twa op de Fryske VVD-list, fynt de kar begryplik. "Niet dat Mark Rutte wat mij betreft per se weg had gemoeten, maar ik kan me best voorstellen dat hij beseft dat er een tijd van komen en van gaan is."

VVD moat op syk nei nij boechbyld

Demisjonêr premier Mark Rutte makke foar it debat yn de Twadde Keamer oer it fallen fan it kabinet bekend him net mear beskikber te stellen. As der nei de ferkiezingen in nij kabinet is, ferlit Rutte de polityk nei in lange karriêre.
Hy wie goed 17 jier polityk lieder fan de VVD en 13 jier minister-presidint. Hy wie dêrmei de langstsittende premier fan Nederlân. "Voor de partij betekent het dat we op zoek moeten naar een nieuw boegbeeld", seit Ter Keurs.
VVD-Steatelid Eric ter Keurs © ANP
Earder hie it om Ter Keurs ek net hoecht. "Nee. Rutte blijft aan zo lang hij steun heeft van de partij en zolang hij zelf wil. Natuurlijk zijn er veel mensen buiten de VVD die moeite met de persoon hebben."
Dat kin Ter Keurs him wol foarstelle: "Want hij heeft heel lang als premier geopereerd en draagt ook verantwoordelijk voor dingen die minder goed zijn gegaan. Dat kun je niet ontkennen. Daarom vind ik het ook wel begrijpelijk dat hij de keus gemaakt heeft, maar wat mij betreft had het niet eerder gehoeven."

'Rutte dijde op krises'

Fokkens: "Het is een man die gedreven is, die graag wil en die gedijt op crises. Maar hij ziet ook in dat het niet over hem als persoon moet gaan, maar over de inhoud. Dat verdient het land ook."
Rutte yn 2017 op besite yn Ljouwert © ANP
Binnen de partij wiene der al wol earder krityske lûden te hearren, ûnder oare fan de JOVD (Jongerenorganisatie Vrijheid en Democratie). "Dan cumuleert het in dit moment, waarbij Rutte zelf ook in de gaten heeft dat het mooi geweest is. De tijd zit erop", sa komt Ter Keurs ta de konklúzje.
Fokkens liet yn april ek al in kritysk lûd hearre. It ferlies fan de VVD mei de Provinsjale Steateferkiezingen wie neffens har ek in ôfrekkening fan it lanlike belied fan de partij.
Oft premier Rutte opstappe moast, liet se doe yn 'e midden. Mar "het kabinet kan niet op deze manier doorgaan", sei Fokkens. "Het kabinet leeft in een bubbel."

Minder 'probleemoplossend vermogen'

Ter Keurs hat it fan de 13 jier wêryn't Rutte premier wie wol in posityf byld. "Wat je wel merkte in de laatste jaren was dat het probleemoplossend vermogen van de overheid wat te wensen overliet. Dat mag je hem wel een beetje kwalijk nemen. Maar dat geldt voor iedere premier."
Net alle krises binne like goed oanpakt, moat ek Ter Keurs konstatearje. "Maar is dat allemaal de schuld van Rutte zelf? Nee natuurlijk niet. Want hij is premier van een kabinet, want daar staan meer mensen aan de lat. Maar na 13 jaar ben je wel het gezicht geworden."
Rutte luts sneontemoarn de konklúzje dat it tiid wie foar in nij gesicht. Ter Keurs wit net wa't him opfolgje moat: "Als u een naam hebt, dan hoor ik dat graag."

Sa gau as mooglik nij kabinet

"Ik hoop dat er zo snel mogelijk een nieuw kabinet komt", heakket Fokkens dêr wol oan ta. "Dat er mensen in komen die in staat zijn over hun eigen schaduw heen te stappen. De opgaven zijn groot, er is genoeg te doen. Ik vind dat Den Haag tempo moet maken."
Rutte en Wiegel ferline jier © ANP
VVD-pommerant Hans Wiegel, earder kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân en tusken 1971 en 1982 VVD-partijlieder, kin him ek yn it beslút fan Rutte fine.
"Ik vind het heel verstandig", seit Wiegel. "Want hij is jarenlang minister-president geweest. Hij kreeg ook kritiek, maar hij heeft ook veel gedaan in ons eigen land, maar ook daarbuiten. Ik vind het een heel verstandige beslissing die genomen is."