Fiif kear mear sinnepanielen, mar ek faker in oerbelêst stroomnet yn Fryslân

Liander krige yn de earste helte fan it jier goed 900 meldingen út Fryslân wei wêrby't stroom net weromlevere wurde koe troch in oerbelêst elektrisiteitsnet. Ferline jier wie it tal meldingen mar sa'n fiifdepart dêrfan.
Ut resinte sifers fan de netbehearder docht bliken dat Fryslân yn in healjier tiid 14 persint mear sinnepanielen krige. Oan de ein fan 2022 wiene der 107.746 ynstallaasjes mei sinnepanielen yn Fryslân en nei de earste helte fan dit jier wiene dat der 122.388. Dat is in tanimming fan 14.642.
Der wurdt dus hieltyd mear sinnestroom opwekt. In moaie ûntwikkeling, fynt Liander, mar húshâldens kinne dy stroom hieltyd minder goed op it elektrisiteitsnet kwyt. Yn it wurkgebiet fan Liander kaam it yn trochsneed trije kear safolle foar yn ferliking mei de earste helte fan 2022.
Yn it earste healjier fan 2022 krige Liander 195 meldingen fan net-weromlevere stroom en yn it earste healjier fan 2023 wiene dat der al 904.
Omfoarmer útskeakele
As sinnepanielen mear stroom opwekke as dat in húshâlden brûkt, wurdt dizze elektrisiteit weromlevere oan it net. Mar dat kin derfoar soargje dat it stroomnet swier belêste wurdt. Yn sa'n gefal skeakelet de omfoarmer de sinnepanielen tydlik út, om foar te kommen dat de belêsting te grut wurdt.
Dat barde yn Fryslân, Flevolân, Gelderlân, Noard-Hollân en in part fan Súd-Hollân (it wurkgebiet fan Liander) trije kear faker. It útskeakeljen fan omfoarmers is ferfelend, want de opwekte stroom kin dêrtroch net brûkt wurde.

Liander riedt dêrom oan om oerdeis - as de sinne skynt - apparaten oan te setten dy't in soad enerzjy freegje, lykas de waskmasine of de drûger. Dat ferminderet de druk op it stroomnet en makket ek de kâns lytser dat sinnepanielen útfalle. Dochs is dat in drip wetter op in gleone stien.
Om it probleem echt op te lossen, moat de kapasiteit ferfiiffâldige wurde. Dêr wurdt oan wurke, mar dat is in proses dat noch jierren duorje kin.