WoonFriesland trunet mei kompetysje oan op duorsume bou sosjale hierwenten

Bou fan sosjale hierwenten (op in oar plak) © ANP
WoonFriesland siket bedriuwen dy't yn Ljouwert sa'n 50 'biobased' en natuerynklusive huzen bouwe wolle. Om bedriuwen oan te trúnjen har bêst te dwaan, is der in kompetysje opset.
It giet om de bou fan 45 oant 50 sosjale hierwenten, dy't yn de Ljouwerter wyk Nieuw Oud Oost komme moatte. Dat is by it plak fan it âlde Cambuurstadion.
De kompetysje is betocht troch it College van Rijksadviseurs en waard troch (de fan oarsprong Ljouwerter) Ryksboumaster Francesco Veenstra presintearre. Dat betsjut dat it plan stipe krijt fan ferskate ministearjes.
Francesco Veenstra is sûnt 2021 Ryksboumaster © ANP
Ryksboumaster Veenstra hopet dat it projekt sjen lit dat ek sosjale hierwenten mei duorsum materiaal boud wurde kinne. It is ûnderdiel fan it programma 'Een Nieuwe Bouwcultuur.'
'Biobased' wol sizze dat boumaterialen makke binne fan organysk materiaal of fan skimmels, planten of baktearjes dy't op in ekologysk ferantwurde wize teeld, rispe en brûkt wurde. It is maklik op 'e nij te brûken en helpt ek om CO2 op te slaan.
Foar it ûntwerp en de bou wurdt socht nei merkpartijen dy't dêr wol ljocht yn sjogge. Dêrfoar daagje de inisjatyfnimmers de merk út. De kompetysje set yn septimber útein en it giet om in iepenbiere seleksjeproseduere.

It mei ek net te djoer

WoonFriesland hopet mei de kompetysje wat druk op de tsjettel te setten. "Normaal gesproken is er altijd een prijsvraag, bedenkt een architect iets mooie en vervolgens leidt het ontwerptraject tot een product dat eigenlijk niet te realiseren is of te duur is", seit Maurice Endeman, projektlieder fêstgoedmanagement by WoonFriesland.
Endeman wol it betelber, wat betsjut dat der mear 'prefabrisearre' wurde moat: "Er moet meer vanuit de fabriek komen." Fierder wol WoonFriesland ek dat de nije huzen net al te folle ûnderhâld freegje. Soks makket it dreger foar bedriuwen, want houten kezinen hawwe bygelyks mear ûnderhâld nedich as keunststof kezinen.
Direkteur Sigrid Hoekstra fan WoonFriesland © Hoge Noorden
Dochs is it nedich, fynt WoonFriesland. "Als we de CO2-uitstoot en de schaarste aan grondstoffen willen beperken, dan moet het biobased worden. De huidige bouw kunnen we niet tot in lengte van dagen volhouden."

Foar in boubedriuw falt der wat te heljen

De kompetysje freget fan boubedriuwen wol in ynvestearring, jout Endeman ta. Mar úteinlik hopet WoonFriesland de merk ek wat yn it foarútsjoch te stellen.
"Het eerste product zal onherroepelijk duur zijn, maar het is de bedoeling dat WoonFriesland tot 2030 zo'n duizend tot tweeduizend woningen bouwt. Dus als het betaalbaar is, zeggen wij ook: bouw maar door."