Dragracewykein Drachten lûkt soad publyk nei fleanfjild

© SR Fotografie
Sa'n tsientûzen taskôgers kamen dit wykein nei it fleanfjild Drachten ta foar it evenemint 'Dragrace Madness'. Tsientallen auto's en motoaren strieden dêr ien tsjin ien oer in ôfstân fan 400 meter.
Lang wie ûnwis oft it evenemint trochgean koe. Fanwege de takomstige ûntwikkelingen op it fleanfjild wurdt de oanfleanrûte feroare en dêrfoar moat de hiele lâningsbaan brûkt wurde. Dat hâldt yn dat dy net mear foar it autoracen brûkt wurde kin.
Dragrace yn Drachten
Nei lang praten ha se dochs oerienstimming berikt, seit Ronald van den Broek fan de Dutch Hot Rod Association (DHRA). "We zijn nu in overleg over volgend jaar. We willen eigenlijk een evenement zoals we op het vliegveld bij Brede organiseren, dus eendaags."

Bekende gesichten

"Kijk naar de mensen die hier zijn", seit Marcel Gouma fan de DHRA. "Je ziet dat het leeft in de omgeving. Er komen veel bezoekers uit de dorpen en plaatsen in de buurt. Verder zie ik veel bekende gezichten, de buren komen ook altijd." Hy hopet dêrom dat de races ek takom jier wer gewoan organisearre wurde kinne.
Gouma moast sels ek oan de bak. Hy ried yn in Opel Corsa mei 2 liter 16 kleppen motor. "Aangepast met een supercharger van Eaton erin en wat lachgas. Dan rijden we in 11 seconden 400 meter."
Waarm wie it wol foar de koereurs. Se moasten allegear in spesjaal pak oan en ek brânkearende klean. "Ja het is best zweten zo", sei Gouma. "Maar dat hebben we er best voor over."
Geeuwke Siersema is 14 jier en ried ek op in dragbike. Lekker gie it net: "Nee, hy fersûpte 'm healwei. Dêr moatte we nei sjen." De jongeren rieden in oanpaste race. Yn stee fan 400 meter strieden sy oer 200. Yn dy tiid helle Geeuwke al in gong fan boppe de 100 kilometer de oere.
Noch belangriker wie lykwols de reaksjetiid: "It giet der om wa't de fluchste reaksjetiid hat. Dus wa't it tichtste by de nul komt." Sels wie hy in stik rapper as syn tsjinstanner: "Ik ried 0,295 en myn tsjinstanner 0,534." Geeuwke wie noch lang net klear: "Ik hoopje hjoed noch trije, fjouwer kear te riden."