Jubileum Frysk jacht Mercurius wurdt fierd mei itentsje op autentyk Makkumer diggelguod

In board fan it servys dat út alve stikken bestiet © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
It Fryske jacht Mercurius hat syn 155-jierrich bestean op in bysûndere wize fierd yn Grou. Spesjaal foar dizze gelegenheid mocht in servys út it Scheepvaartmuseum brûkt wurde.
It jachtsje hat jierren oanien eigendom west fan de Kingma Bank, letter hie ABN Amro it yn besit. By it 150-jierrich bestean hawwe trije Fryske leafhawwers fan it skip de Mercurius kocht.
Ite fan Makkumer servys
It jachtsje is ynskreaun as farrend erfgoed. "Kinst it skipke wol yn in museum sette. Mar dan wurdt it net mear brûkt sa't it bedoeld is", seit mei-eigener Bart Korvemaker. "Dit boatsje moat gewoan farre, dat kinst sels wol sjen."
It skipke is makke yn 1868 troch Eeltje Holtrop van der Zee, en wurdt wol de Mercedes fan de Fryske jachten neamd. "Van der Zee wie in masterbouwer, doe al in libjende leginde", seit Korvemaker.

Hurdsylwedstriden

Ljouwerter keapman A. Houtsma kocht it doedestiids foar achthûndert gûne en brûkte it skip om diel te nimmen oan hurdsylwedstriden. Nei in tal jierren silen mei sukses, ferkocht er de jacht yn de jierren njoggentich fan de njoggentjinde iuw oan J.W. Wachtels, ek út Ljouwert. Letter waard tabakshanneler Taconis mei-eigener.
Tusken 1914 en 1946 wie it jachtsje yn besit fan de famylje Buisman dy't der in soad prizen mei wûn. Dêrnei kocht de Kingma's Bank it, om foar te kommen dat it skip út Fryslân ferdwine soe. Fan doe ôf waard it skipke benammen foar de plezierfeart brûkt.
Der wurdt proast op in behâlden feart © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Ien fan de tradysjes om it skip hinne wurdt by dit jubileum werombrocht. Nei it tradisjonele slokje, wurdt der iten fan it diggelguod dat makke is foar it 100-jierrich bestean fan de Mercurius.
It servys fan Tichelaar Makkum mei by elts fiifjierrich jubileum brûkt wurde. It is eigendom fan de Kingma-stichting en wurdt bewarre yn it Fries Scheepsvaart Museum.
Mercurius oan de kaai yn Grou © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Ek de lokaasje dêr't it itentsje plakhat, it terras fan Oostergoo, hat te krijen mei de histoarje fan it skipke. "Folgend jier, 2024, hat it skipke 100 jier lang itselde skiphûs", leit Korvemaker út. "En dat leit hjir presys tsjinoer ús."

It brûken fan it diggelguod hat wol ien betingst: nei it iten moat it mei de hân ôfwosken wurde.