Tropyske temperatueren en simmerfakânsje helpe Fryske rekreaasje-ûndernimmers

Boartsje mei wetter © Omrop Fryslân
De simmerfakânsje is begûn en dy liket goed út te pakken foar Fryske rekreaasje-ûndernimmers. Campings, fakânsjehúskes, boatsjes; der is al flink boekt. Neffens Jan Ybema fan belangeferiening Recron-Hiswa, binne der al mear boekingen dien as ferline jier.
Dy boekingen binne net allinnich dien troch toeristen út de rest fan it lân of it bûtenlân, ek Friezen sels sykje it dit jier yn de eigen provinsje.
Simmerfakânsje pakt goed út foar Fryske rekreaasje-ûndernimmers
De reservearrings by kampearbedriuwen en fakânsjehûsferhierders yn Fryslân lizze trije oant tsien prosint heger as ferline jier. En dat hat neffens Jan Ybema meardere redenen: "In Zuid-Europa wordt het erg warm zo langzamerhand. Mensen hebben ontdekt dat ze hier in Nederland goed kunnen vertoeven."
Toeristen út binnen- en bûtenlân witte ek it rekreaasjebedriuw Nij Wybranda fan Aaltje de Boer en har famylje yn Boazum te finen. "De apparteminten binne de hiele simmerfakânsje folboekt. Op de kamping kinne we der noch wol wat gasten by ha, mar we merke dat der aardich wat reservearrings ynkomme no't it waar moai bliuwt."

Oare trend

De Boer ferwolkommet neist toeristen út Dútslân en België ek minsken út Fryslân. Neffens Ybema is dat troch de ynflaasje ek net sa nuver: "Als je naar Zuid-Europa wilt met je caravan, ben je zomaar 400 euro aan benzine kwijt en dat kun je hier in Nederland op een andere manier besteden."
Der is ek noch in oare trend yn Fryslân te sjen. Dy wurdt troch Ybema de 'back-to-memory-lane'-trend neamd. "Dat is dat ouders met hun kinderen de plaatsen opzoeken waar ze vroeger in hun jeugd zelf hebben gerecreëerd en nu maken ze met hun kinderen herinneringen daar", seit Ybema.

Te min personiel

Al hoe posityf it seizoen der ek út sjocht, der is wol in puntsje fan oandacht: it krijen fan goed personiel. Der is in tekoart oan jongerein op de arbeidsmerk en dat bespeurt de rekreaasjesektor ek.
Ybema: "We hebben er mee te dealen, dat betekent dat je goed gastheerschap moet hebben en moet zorgen dat personeel het naar de zin heeft. We redden het vaak net, maar het is wel spannend".