Liveblog | 9 july

112-nijs 9 july: Koade oranje ôfrûn | Auto yn de sleat by Aldetrine

Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 9 july, 20:00
20:00

Koade oranje foarby

It is 20.00 oere en dat betsjut dat koade oranje derop sit. It KNMI hat no gjin waarswarskôgingen mear rinnen yn ús provinsje.
19:28

Efterfolging yn Drachten

De plysje hat op de Overstesingel yn Drachten in frou oanholden nei in efterfolging. De auto en twa belutsen plysje-auto's binne by it ynsidint skansearre rekke.
Wat krekt de reden fan de efterfolging wie, is net bekend.
© ProNews
19:14

Tonger lûkt oer de provinsje

Hjir en dêr soarget it minne waar foar problemen. Sa sloech de bliksem yn yn in wenning yn de Jan van Nassaustraat yn Snits. It gefolch wie dat der in gat yn it dak sloech.
Sa lûkt de tonger oer de provinsje
17:32

Koade oranje ferlinge

It KNMI hat koade oranje yn ús provinsje ferlinge oant 20.00 oere. De warskôging jilde earst oant 19.00 oere. Der kinne swiere tongerbuien, wynstjitten oant 75 kilometer de oere en hagelstiennen oant fjouwer sintimeter foarkomme.
17:17

Tink derom op de dyk

16:54

Treinen ride wer

Tusken Akkrum en Ljouwert binne de problemen mei de spoarbrêge foarby. De treinen ride wer en de fertraging nimt ôf.