Jan Teade Nauta ljept yn Winsum nei earste oerwinning fan it seizoen

Jan Teade Nauta © Martin de Jong Fotografie
Mei de iennige tweintichmetersprong fan de jûn hat Jan Teade Nauta it fierljeppen yn Winsum wûn. Hy notearre 20,19 en pakte dêrmei syn earste oerwinning fan it seizoen.
Nauta bleau Ysbrand (19,72) en Oane Galama (19,22) foar op de skâns dêr't op 19 augustus ek it Frysk kampioenskip fierljeppen is.
Jan Teade Nauta ljept yn Winsum nei de winst
Sigrid Bokma pakte har earste oerwinning by de froulju. Se gong as tredde de finale yn, mar ljepte mei har lêste sprong nei 16,01, har fierste ôfstân fan it seizoen. Se gong dêrmei Marrit van der Wal foarby, dy't mei 15,81 twadde waard. De tredde priis wie foar Hanneke Westert (14,79).
Sigrid Bokma wie Marrit van der Wal de baas
Germ Terpstra pakte syn sechsde oerwinning fan it seizoen by de junioaren. Mei syn lêste finalesprong, doe't er al wis wie fan de winst, notearre er 19,58. Dat wie mear as in meter fierder as de konkurrinsje.

Goed twa meter fierder as PR

By de jonges gie de oerwinning nei Sietse Lefferts út Bûtenpost. Dy hie foar hjoed in persoanlik rekôr stean fan 15,86. Mei syn earste sprong gong er dêr al mear as in meter oerhinne (17,02) en twa sprongen letter sette er sels 18,03 del.
Jeltske Terpstra wûn by de famkes yn 13,62. It is har twadde oerwinning fan it seizoen, nei't se yn Bûtenpost ein juny ek al de bêste wie.
Kommende woansdei wurdt der ljept yn Drylts. Dat hie ôfrûne woansdei sild, mar dat gong fanwegen it minne waar net troch.
Sjoch hjir de fierste sprongen fan Jan Teade Nauta, Sigrid Bokma, Jeltske Terpstra, Germ Terpstra, en Sietse Lefferts werom:
De fierste sprongen yn Winsum