Minister Adema: hurde taktyk fan Rutte yn asyldossier ûnnedich

Piet Adema © Omrop Fryslân
De fal fan it kabinet wie net nedich, seit minister Piet Adema, mar hy seach it wol oankommen. De VVD gong oer de grinzen fan de ChristenUnie hinne, seit de Fries.
"It wie CDA en VVD tsjinoer de D66 en ChristenUnie", seit Adema oer it asyldossier, it tema wêrop't it misgie. "De stânpunten bleaunen mar fêstsitten. Dus ik sei: jonges, dit komt net fierder."
Adema fynt benammen de hurde ûnderhannelingstaktyk fan Mark Rutte ûnnedich. Dy woe 'gezinshereniging' foar oarlochsflechtlingen beheine as it drok wurde soe mei de migraasje.
De fraach dy't sintraal stie: "Stel it wurdt wat drok en der komme flechtlingen út oarlochsgebieten, meie de bern dan meireizgje? Wy fine it belangryk dat it gesin byelkoar bliuwt. Oare partijen hienen dêr oare opfettingen oer. Dat kin, mar it is hiel spitich."
Premier Rutte yn syn wurkkeamer, it 'Torentje' © ANP
It momint om heech spul te spyljen op dit tema, snapt Adema net. "De VVD woe der graach foar de fakânsje út wêze, mar wy sieten net op de tiid, want we seagen dat it behearskber is. It tal flechtlingen dat no ús lân binnen komt, leit leger as wat de prognoazes wienen. Boppedat binne der mear opfangplakken."
Mei oare wurden: it wie neffens Adema en de ChristenUnie net nedich om it kabinet op dit ûnderwerp klappe te litten. "Wy ha fan it begjin ôf dúdlik makke wat ús oertsjûging is en wêr't de grinzen lizze foar ús. Dat wist Rutte al lang."
Dochs kaam de premier dizze wike mei hurdere plannen en dat begrypt Adema net. "It is net nedich om sa'n maatregel te nimmen yn dizze situaasje. Gesinnen moatte byelkoar bliuwe."
De wrâld sjocht der no wol oars út.
Piet Adema
De fal fan it kabinet betsjut ek dat boeren langer yn ûnwissichheid sitte en dêr baalt de Lânbouminister fan. "We wienen drok dwaande om te sjen oft we boeren wat takomst jaan koenen. En no wurde wy as kabinet demisjonêr. Nije wike moatte we mar sjen wat dat presys betsjut en hoe't de Twadde Keamer dertsjinoan sjocht. De wrâld sjocht der no wol oars út, yn alle gefallen."
De Keamer kin fan guon ûnderwerpen sizze dat se dy 'kontroversjeel' fine, dat betsjut dat it kabinet dêr yn prinsipe gjin aksje mear op ûndernimme mei. "Dat soe ik hiel spitich fine foar de boeren dy't dúdlikheid ha wolle."
Adema hopet dêrom dat er romte krijt om fierder te gean oant der in nij kabinet sit. "De Twadde Keamer wol graach dat it kabinet fierder giet mei wat al op papier stie foar it lânbou-akkoart. Myn kollega's yn it kabinet wienen it dêr ek mei iens, dus dat joech in hiele moaie útgongsposysje."
Minister Piet Adema yn petear mei boeren op tsiisbuorkerij De Deelen © Omrop Fryslân
"It soe moai wêze as de Twadde Keamer no ek seit: 'de boeren fertsjinje dúdlikheid, dus set dit mar troch'. Dat wol ik ek graach, mar dat ha ik wol in breed draachflak nedich. En dat is mar ôfwachtsjen."
De nije situaasje sil hoe dan ek foar fertraging soargje. "It spitige is dat it no noch wol in jier of oardel jier duorje kin foardat der dúdlikheid komt. As je in bedriuw ha, dan wolle je net stilstean, mar fierder."
Adema fynt it benammen spitich foar wat hy 'de jonge boeren' neamt. Dy sieten as Nederlands Agrarisch Jongeren Kontakt oan tafel by de petearen oer in lânbou-akkoart.
"Sy ha echt in stap set yn de ûnderhannelingen, se binne har hiel bewust fan de maatskiplike opjefte dy't se ha. Se wolle ek graach feroarje, mar freegje wol de help fan de oerheid. Ik woe ek hiel graach helpe, mar ik wit net hoe't it no de kommende tiid rinne sil."

Adema hopet op flugge formaasje

It kin wolris in skoft duorje foardat Adema in opfolger hat. Nije ferkiezingen binne der op syn betiidst yn novimber en dan moat dêrnei noch in nij kabinet foarme wurde. Dy formaasje duorre foarige kear hast in jier.
"It soe goed wêze as der aanst in dúdlike útslach fan de ferkiezingen komt en dat de partijen de gong der dan yn sette. Yn 2021 hat it te lang duorre, dat moat net wer. It kin net wêze dat in lân in jier wachtsje moat op in nij kabinet."
Piet Adema op it Binnenhof nei de fal fan it kabinet © ANP
Sels sil Adema him net ferkiesber stelle. "Miskien as listtriuwer, mar ik ha de ambysje om Keamerlid te wurden noait hân. En noch hieltyd net. Ik hie trouwens ek net de ambysje om it kabinet yn te gean, mar de druk waard sa heech, dat ik it dochs dien ha. Ek omdat ik fûn dat der wat gebeure moast."
Dat sil de Fries no dus noch dwaan oant der in nij kabinet komt. "En wat my oanbelanget, beëinigje ik dêrnei myn politike karriêre yn Den Haag."