Liveblog | 9 july

Sport snein 9 july: Bergsma, Van der Schoot en Kootstra winne | Follyballers útskeakele

Yn dit liveblog folgje we de Fryske sport fan dit wykein. Mei hjoed ûnder oare:

  • Sportklup Hearrenfean hat de oefenwedstriid tsjin Kickers Emden mei 6-0 wûn.
  • Nyck de Vries nûmer santjin op Silverstone
Lêst bywurke: 9 july, 19:21
snein 9 july
19:21

Bouwmeester begjint goed oan Olympysk testevent

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is goed begûn oan it Olympysk testevent yn it Frânske Marseille. Nei de earste dei giet se oan kop yn de ILCA6-klasse.
De sylsters hienen te krijen mei drege omstannichheden: trochdat de wyn út de bergen kaam, stie der it iene momint in protte en it oare momint hast gjin wyn. Bouwmeester koe dêr goed mei omgean, want se waard twa kear twadde.
Takom jier binne de Olympyske Spelen op itselde wetter.
18:18

Nyck de Vries einiget as santjinde

Nei in sterke race einige Nyck de Vries yn Grut-Brittannië as lêste en dat foel foar in grut part te witen oan in opfallende teamoarder.
18:14

Gert-Anne van der Bos klimt nei plak njoggen op keatsranglist aller tiden

Gert-Anne van der Bos no njoggende
18:13

Winner Marten Bergsma oer de partij yn Boalsert

Marten Bergsma wint yn Boalsert
16:25

Partoer Bergsma wint yn Boalsert

It partoer fan Marten Bergsma, Kees van der Schoot en Hendrik Kootstra hat de haadklassepartij yn Boalsert wûn. Yn de finale wienen sy mei 5-5 6-6 te sterk foar Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra. It partoer fan Van der Bos kaam noch mei 5-2 foar.
Taeke Triemstra nimt noch net de lieding oer yn it punteklassemint fan de bêste keatsers ea. Piet Jetze Faber stiet no noch boppe him.
It winnende partoer © Martin de Jong Fotografie
15:59

Hearrenfean is Kickers Emden de baas

Sportklup Hearrenfean hat ek de tredde wedstriid fan de tarieding op it nije seizoen mei grutte sifers wûn. Yn Apeldoorn waard Kickers Emden mei 6-0 ferslein.