CNV-foarsitter Piet Fortuin: "Spannend hoe't it fierder moat mei arbeidsmerk nei fallen kabinet"

Foarsitter Piet Fortuin fan CNV Vakmensen © Omrop Fryslân
CNV-foarsitter Piet Fortuin siet freedtemoarn noch oan tafel mei Sigrid Kaag, Mark Rutte en Karien van Gennip. De begrutting fan takom jier wie ûnderwerp fan de ûnderhannelingen. In pear oeren letter foel it kabinet en stiet alles stil.
"Wy hawwe de ôfrûne tiid in soad enerzjy stutsen yn in it advys oer de herfoarming fan de arbeidsmerk, tydlik wurk, it ZZP-skip. Der is krekt in brief nei de keamer ta gien dus dat wie hast klear, mar ja, de wetjouwing moat noch."
En dat is no krekt dreech. In demisjonêr kabinet mei gjin nei beleid meitsje. "Dat is no dus hiel spannend", seit Fortuin. "Wy hopen op 1 jannewaris 2024, dat slagget seker net dus dat skoot allegear troch. It is gewoan hiel spitich foar de arbeidsmerk."
Neffens it CNV is Nederlân trochsketten yn fleksibiliteit op de wurkflier. "Dêr moatte wy echt net grutsk op wêze." Benammen de middengroepen krije it dreech, fernimt Fortuin. "De plysjeman, de ûnderwizer foar de klasse, de wurkjende earmen neame wy se ek wol. Mei in hege ynflaasje moat der wol wat gebeure."