Wiebren wie de alderearste Fries yn de Tour, dat wist er pas de dei foar de earste etappe

© ANP
Fiif jier nei syn earste hurdfytswedstriid stie Wiebren Veenstra fan De Harkema ynienen yn de Tour de France. Veenstra mei himsels de earste Fries yn de Tour neame. "In dream dy't útkaam."
Moai in wike rêst, tocht Wiebren Veenstra yn juni 1988. Hy wie net selektearre foar de Tour de France en siet de dei foar't dat begûn moai te fiskjen op de Burgumermar. Doe't Veenstra thúskaam sei syn mem tsjin him dat der foar him belle wie. Dat er nei de Tour koe.
"Der wie in ploechgenoat dy't útfoel en de ploech koe de reserves net berikke, úteinlik kamen sy by my terjochte", fertelt Veenstra. Dus hals oer de kop nei Frankryk. Mei de privé-fleantúch fan de ploech fleach Veenstra rjochting de earste etappe. De ploegepresintaasje helle er net. "Mar ik wie ferskriklik bliid dat ik meidwaan koe."

Goed begjin

Nettsjinsteande de minne tarieding begjint de Tour foar Veenstra goed. Yn de earste etappe pakt er it fyfde plak. "Op himsels net sa min", laket Veenstra. Middeis rydt er mei de ploech noch in ploegetiidrit, wêrmei't sy op it tredde plak belâne. Firtueel hie Veenstra sels efkes de giele trui om de skouders.
Wiebren Veenstra yn de Tour de France fan 1991 © ANP
De wrâldparse sirkele om de Fries hinne. "Mar dy binne ek like rap wer fuort as de folgjende ploech oer de stripe komt en it firtuele giel wer opskoot."
De rest fan de earste wike gie ek ferrassend goed, mar de dream wie dêrnei gau oer. "Op de tsiende of alfde dei fûl ik, ik rekke te fier achterop en de Tour wie op dat stuit klear foar my."

Golf

Troch de dielnimming fan Veenstra krige it hurdfytsen yn de omkriten fan De Harkema in boost, seach ek Veenstra sels. "Dat hat by de minsken wol wat op de fyts brocht. Ik haw dêr net allinnich foar soarge, mar wol mear mannen út de regio. Dat hat der tink ik wol ta bydroegen dat der in soart golf ûntstie."
Veenstra docht no neat mear mei it hurdfytsen. Hy wurket as technysk adviseur by in bedriuw dat ark makket foar metaalbewurking. Wol sit er dizze wiken plat foar de telefyzje as it efkes kin. "Ik fyn it noch altyd geweldich om nei te sjen, ek mei alle wittenskiplike fernijingen dy't sy tsjinwurdich hawwe."
Wa't dizze edysje winne sil, is Veenstra noch net oer út. "Pogacar, of Vingegaard tink ik."