Liveblog | 8 july 2023

112-nijs: Auto op 'e kant yn Appelskea | Moarn koade giel

Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 8 july 2023, 19:26
19:26

Moarn koade giel

It KNMI jout foar moarn tusken 16.00 en 20.00 oere koade giel ôf yn Fryslân. Der binne dan mooglik tongerbuien, hagel, swiere wynstjitten en in soad delslach.
Yn in oar part fan Nederlân, benammen yn it suden en easten, jildt koade oranje.
16:09

Beheiningen foarby

De problemen mei de spoarbrêge tusken Akkrum en Ljouwert binne oplost. De treinen ride wer en de fertraging nimt ôf.
14:44

Wer maleur op it spoar

It hâldt noch net oer op it spoar. Tusken Akkrum en Ljouwert ride der op dit stuit gjin treinen troch in defekte spoarbrêge. Dit duorret oant likernôch 16.30 oere.
11:50

Treinen tusken Zwolle en Meppel ride wer

De beheiningen op it spoar tusken Zwolle en Meppel binne foarby, dat meldt de NS.
De fertraging nimt ôf.
09:55

Auto op 'e kant yn Appelskea

© BTBfotografie
By Appelskea is in auto op 'e kant yn de berm bedarre. De bestjoerder rekke sneon om 07:45 hinne de macht oer it stjoer kwyt.
De man koe sels út de auto komme.
De brânwacht, plysje en in traumahelikopter kamen te plak, ferfier nei it sikehûs wie net nedich. De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok.
09:02

Stroomsteuring op it spoar tusken Zwolle en Meppel soarget ek yn Ljouwert foar problemen

Troch in stroomsteuring ride der sneontemoarn gjin treinen tusken Zwolle en Meppel. Ek treinen nei Grins en Ljouwert ûnderfine hjirtroch problemen.
Ferwacht wurdt dat de lêst duorje sil oant 12:00 oere.
De ekstra reistiid is mear as 60 minuten.
Der koene gjin ferfangende bussen regele wurde, seit in wurdfierder.