ChristenUnie Fryslân nei fal kabinet: "Ondergrens is ondergrens"

Carlijn Niesink fan de ChristenUnie yn Ljouwert © Omrop Fryslân, René Koster
De ChristenUnie Fryslân is der wiis mei dat de lânlike partijtop net tajûn hat oan de easken fan premier Mark Rutte by de krisisûnderhannelingen oer in nij asylbelied. Dat seit Carlijn Niesink, dy't it wurdt docht foar de Fryske tak fan dy partij. Kabinet-Rutte IV foel freedtejûn nei in mislearre krisisoerlis.
"Als ChristenUnie hadden we duidelijke ondergrenzen afgesproken en gezinshereniging is daar een van. Ik begrijp dat er blijkbaar over die grens heen is gegaan. We zijn er blij mee dat de partijtop daar de rug recht houdt. Ondergrens is ondergrens", seit Niesink, dy't sels fraksjefoarsitter is foar de CU yn Ljouwert.
"Tegelijkertijd hebben we ook zorgen. Zo zijn er meer dossiers waar nu stilstand in komt", wêrmei't Niesink ûnder mear doelt op it drege lânboudossier fan harren eigen minister Piet Adema.
Neffens Niesink hat Rutte mei syn easken de ûnderhannelingen op it spits dreaun. "Maar vandaag is gebleken dat onze onderhandelaars een stukje steviger zijn en niet met zich laten spelen. Door niemand niet."

'Kânsen foar de VVD'

By de Fryske ôfdieling fan de VVD kaam it nijs freedtejûn net hielendal ûnferwachte. "Dat it kabinet falle soe, siet der oan te kommen, mar ik hie it no noch net ferwachte", seit VVD Fryslân-foarsitter Zwany van Brussel. "Der wie al langere tiid ûnfrede by de leden."
Foarsitter Zwany van Brussel fan VVD Fryslân © Omrop Fryslân
Van Brussel besjocht de fal dan ek benammen posityf. "Je moatte foarút sjen, op nei de ferkiezingen. Mar we moatte no wol neitinke oer hoe't we de VVD profilearje", seit Van Brussel.
Neffens VVD-Steatelid Eric ter Keurs wie de koälysje te wankel. "Misschien maar goed dat er verkiezingen komen", seit er. "De verschillen zijn groot."

Rutte V?

Ek hy fynt dat de VVD him yn oanrin nei de nije ferkiezingen oars profilearje moat. "Een belangrijk deel van de VVD-achterban herkent zich niet in de VVD. Het is flets geworden, want er is te lang geregeerd."
Hy freget him sels lûdop ôf oft Rutte noch de goede persoan is foar it premierskip. "Ik weet niet of iedereen zit te wachten op Rutte V. Ik denk niet dat het verstandig is, maar ik zie ook niet snel een alternatief. Iedereen heeft een houdbaarheidsdatum. Wat mij betreft mag hij het nog een keer proberen."

De Jong: "Tige teloarstellend"

Twadde Keamerlid Romke de Jong fan D66 neamt de fal fan it kabinet 'tige teloarstellend. "We hawwe yn de Nederlânske polityk in lange tradysje fan ferskillen oerbrêgje. Wy hawwe kontinu socht nei de juste toan en ynhâld", seit de politikus fan De Gordyk.
Neffens De Jong lei der in goed foarstel op tafel, mar dat is der dus net trochkaam. "It is betreurenswaardich. Net ien is baat by stilstân. We hienen hiel graach fierder wollen, want der lizze ek in soad opjeften foar Fryslân", lit er fierder witte yn syn earste reaksje.
Twadde Keamerlid Romke de Jong fan D66 © Omrop Fryslân
CDA Fryslân-foarsitter Theo Joosten fynt de fal fan it kabinet 'geen verrassing'. "Dat de knoop nu is doorgehakt is maar goed ook, anders zou het doorsudderen", seit Joosten.
Dochs fynt Joosten de wize wêrop bysûnder. Hy slút him oan by CDA-foarman Pieter Heerma, dy't de ûnderhannelingsstrategy fan Rutte 'roekeloze politiek' neamde. "Hij had excuses aangeboden, maar het kwaad was al geschied."
Joosten hopet dat syn partij de kommende tiid brûkt om oan de kiezers sjen te litten wêr't se foar steane. De partij hie by de Provinsjale Steateferkiezingen bot lêst fan de opkomst fan de BBB. Datselde senario driget by de kommende Twadde Keamerferkiezingen. "Geef ruimte aan het CDA om zich te herprofileren", seit er.

Bilker neamt fal goed nijs

Fryske CDA-pommeranten skreaunen dizze wike noch in krityske brief oan it bestjoer fan CDA Fryslân. Sy neamden it Kabinet Rutte-IV 'desastreus': "Foar my is it wol goed nijs dat it kabinet falt", seit Bearn Bilker. Hy hat de brief ûnderskreaun.
"Dit is ek desastreus foar it CDA, mar dat wisten wy al. No moat de partij nei harsels sjen. Net mear plakke oan bestjoere. De ynhâld moat foargean, mei it gesicht dat der by past."
De ChristenUnie hâlde har poat stiif by de asyleasken fan Rutte. Dy gienen yn tsjin de familiêre partijwearden. Ek it CDA fynt dat wichtich, mar liket har der net sa hurd oer út te sprekken. Spitich, seit Bilker: "Dêr bin ik in bytsje oer teloarsteld. Ik hie in steviger ynbring ferwachte. Dat wie in kâns foar it CDA om harsels te profilearjen."