Kaai foar fal kabinet-Rutte IV lei by Adema syn ChristenUnie

Minister Piet Adema yn de Twadde Keamer (argyf) © ANP Foto
It fjirde kabinet fan premier Mark Rutte is fallen nei ûnienichheid oer it asylbeleid. De ChristenUnie hat neffens ferskate boarnen yn Den Haag it inisjatyf naam foar de fal fan it kabinet, mar neffens de partij sels is it in "gezamenlijk besluit".
VVD, CDA, D66 en ChristenUnie waarden it net iens oer maatregels om de ynstream fan asylsikers te beheinen. De hâlding fan de VVD dêryn earder dizze wike soe dêr in wichtige rol yn hân hawwe. De partij wie sels net berikber foar kommentaar.
It kabinet giet foarearst demisjonêr troch. Dat jildt dan dus ek foar minister Piet Adema fan De Wylgen. Hy is sûnt ferline jier minister fan Lânbou, Natuer en Foedselkwaliteit foar de ChristenUnie. Ek steatssekretaris Aukje de Vries fan Taslaggen en Dûane út Ljouwert (VVD) giet gewoanwei oant de nije ferkiezingen demisjonêr troch.
Dy ferkiezingen sille nei alle gedachten yn it neijier plakhawwe.