Liveblog
|
7 july
112-nijs fan 7 july: Fytster slimferwûne nei oanriding mei auto op N917
Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Lêst bywurke: 7 july, 20:14
20:14
Fytster slimferwûne nei oanriding mei auto op N917
Op de Compagnongsweg tusken Waskemar en Haulerwyk is om 19.30 oere hinne in fytster slimferwûne rekke nei't se oanriden waard troch in auto. Dat meldt de plysje. It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs.
De dyk is op it stuit folslein ôfset. Ferkearsspesjalisten fan de plysje dogge ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

19:42
Fertochte fan deasjitten Ljouwerter yn Grins bliuwt langer fêst
De 25-jierrige Jarich M. bliuwt fêstsitten oant de ynhâldlike behanneling fan syn saak. Dat meldt RTV Noord. Hy wurdt fertocht fan it deasjitten fan de 48-jierrige Ljouwerter André Tromp, dy't mei freonen in frijgesellefeest hie yn Grins. Dat barde yn july ferline jier.
De ynhâldlike behanneling fan de saak is op 27 en 28 septimber.
19:29
Sleepboat Holland net mear yn haven fan Skylge
De histoaryske sleepboat Holland sil tenei net mear yn de haven fan Skylge komme. Dat hat it bestjoer fan Stichting Zeesleepboot Holland besletten nei twa ynsidinten yn de haven ôfrûne sneon.
De oarspronlike thúshaven is neffens de stichting net feilich genôch mear. "Voortaan gaan we net als op Vlieland buiten de haven ten anker", seit foarsitter Paul Melles fan de stichting. "Het is een triest en historisch besluit, waartoe de omstandigheden ons helaas dwingen."
Ofrûne sneon wie de Hollan oan it farren mei in trouselskip oan board, doe't by oankomst op West-Skylge de kade rekke waard. De boech rekke dêrby skansearre en in persoan rekke lichtferwûne. By fertrek waard mei it efterskip de eastlike havendam rekke.

16:53
Fertochte stekynsidint Tsjummearum langer fêst
De 34-jierrige Drachtster dy't fertocht wurdt fan belutsenheid by de stekpartij yn Tsjummearum bliuwt langer fêst. It foararrest fan de man is troch de rjochter-kommissaris mei fjirtjin dagen ferlinge.
By it stekynsidint ôfrûne tiisdei op in camping yn Tsjummearum rekken twa manlju ferwûne.
Earder melde de plysje noch dat de fertochte 25 jier wêze soe, mar dat is bysteld nei 34 jier.
15:20
Ungelok mei bestelbus oan Poptawei yn Ljouwert
Op de Poptawei yn Ljouwert binne om 14.15 oere hinne in bestelbus en in auto yn botsing kaam. Ien persoan rekke dêrby ferwûne en is oerbrocht nei it sikehûs.
It is net dúdlik hoe't it ûngelok barre koe. In bergingsbedriuw sil de auto en de bestelbus ôfslepe.

14:56
Ljouwerter krijt yn heger berop swierdere straf foar sjitpartij yn Lelystêd
In 43-jierrige Ljouwerter is yn heger berop feroardiele ta tolve jier sel foar it delsjitten fan in ynwenner fan Lelystêd. De rjochtbank feroardiele de Ljouwerter yn oktober 2021 noch ta acht jier sel.
De straf foel heger út om't it gerjochtshôf yn Ljouwert útkaam op besykjen ta moard. De rjochtbank fûn yn oktober 2021 allinnich besykjen ta deaslach bewiisd, in lichtere kwalifikaasje fan it delikt.
Yn jannewaris 2021 skeat de Ljouwerter de man yn de wenning fan it slachtoffer del. It slachtoffer hie in affêre hân mei de frou fan de Ljouwerter en soe beskikke oer yntime filmkes fan him en de frou. Neffens de Ljouwerter waard syn frou mei de filmkes sjantearre.
Syn lêzing wie dat it slachtoffer him bedrige mei in skroevedraaier en in buske pepperspray. Op it stuit dat de man op him ôfkaam soe de fertochte it fjoerwapen by fersin ôffjurre hawwe. Neffens it slachtoffer die de fertochte dat direkt al.
De man hie skotwûnen yn 'e bûk, it skouder en yn 'e skonk. It hôf stelde dat de Ljouwerter "planmatig en op berekende wijze" hannele hat en fûn moard dêrom bewiisd. De opleine straf is gelyk oan de eask fan it Iepenbier Ministearje.