Steatelid Ter Keurs (VVD) fynt foarstel Stoffer oer Lelyline "verbijsterend en ongepast"

Eric ter Keurs (VVD) © ANP
It foarstel fan Twadde Keamerlid Chris Stoffer om 1 miljard euro wei te heljen by de Lelyline is net yn goede ierde fallen by de VVD. Neffens SGP'er Stoffer kin de reserve foar de Lelyline wol wat lytser, omdat de spoarline der foarearst dochs net leit.
Eric ter Keurs, steatelid fan de VVD yn Fryslân, fynt de útspraak fan Stoffer der fier by troch. "Verbijsterend is het enige woord dat te binnen schiet. Zo verschrikkelijk ongepast. Omdat hij op dit moment twee petten heeft, en dat heeft hij zich denk ik niet genoeg gerealiseerd."
Ter Keurs doelt dêrmei op it feit dat Stoffer net allinnich Keamerlid is, mar ek formateur fan it kolleezje fan Fryslân.
Kaart fan de Lelyline © Omrop Fryslân
Stoffer wol it miljard fan de Lelyline brûke om ferkearsknipepunt Hoevelaken oan te pakken. Hy die it foarstel woansdei yn de Keamerkommisje foar Ynfrastruktuer en Wettersteat. Ter Keurs betwivelet de logika fan Stoffer, seit er.
"Het is geld dat geoormerkt is voor Fryslân door het kabinet. Dan is het ongelooflijk dat degene die hier in Fryslân het nieuwe college moet gaan formeren, dat juist die persoon vindt - op dit moment - dat je Fryslân wel een miljard kunt afpakken", seit Ter Keurs.
Het is ook goed dat de staatssecretaris deze motie wil ontraden, want het is een hele dwaze motie.
Eric ter Keurs, VVD-steatelid
"Ik vind het best dat hij vindt dat zijn achtertuin, Hoevelaken, belangrijker is dan het verre Fryslân", giet Ter Keurs fierder. "Maar ga dat dan niet doen op het moment dat je hier formateur bent. Het is niet bevorderlijk voor zijn geloofwaardigheid."
It VVD-steatelid sjocht ek wol yn dat de Lelyline der foarearst noch net leit. "Maar op het moment dat je de reserve nu al gaat leegroven, wordt het in de toekomst nog moeilijker om er rijksmiddelen bij te gaan zoeken. Het is ook goed dat de staatssecretaris deze motie wil ontraden, want het is een hele dwaze motie."