FIDEO: In dei nei stoarm Poly wurdt yn Fryslân de skea opmakke
Op It Hearrenfean foelen in pear linebeammen fan 60 jier âld om
In dei nei de stoarm Poly wurdt yn Fryslân de skea opmakke. Benammen it súdeasten fan de provinsje hat bot te lijen hân fan de hurde wyn.
Op It Hearrenfean waard hurd wurke om de omwaaide beammen op te romjen. Ek foar de gasten op camping De Koppenjan yn Jobbegea wie it bot skrikken. Troch Poly fleagen de luifels dêr troch de loft.