Nei 45 jier komt der in ein oan it fergees âldpapier stoarten foar it goede doel yn Snits

De stichting Oud Papier Actie yn Snits en omkriten hâldt nei 45 jier op mei it sammeljen fan âldpapier foar it goede doel. Nei de simmer wurdt it stek op de Hemmen yn Snits sletten en kinne minsken der net mear fergees harren âldpapier kwyt.
Sûnt 1977 binne de frijwilligers fan OPA dwaande mei de ynsamling fan papier. En dat hat in moaie bulte opsmiten. "Twintigduizend containers zijn hier van het terrein afgegaan", fertelt Peter Lichthart fan Stichting OPA.
"Dat is net zo veel als een voetbalveld en dan moet je de hoogte rekenen van een Achmeatoren, 120 meter hoog." Sa'n tritichtûzen ton papier, wat yn dy 45 jier mear as 1,2 miljoen euro opbrocht. Mei de opbringsten wurde in protte lokale inisjativen stipe, lykas it hendikepteteam fan fuotbalferiening Snits Wyt Swart, boarterstunen en muzykferienings.
Ynleverlokaasje fan OPA Snits slút 1 oktober
Troch de minne âldpapierpriis binne se yn 2020 oerstapt fan alles opheljen nei in ophel-abonnemint, mar bleau de ynsammellokaasje yn Snits iepen foar guon dy't it sels âldpapier delbrochten. En dat sil no feroarje: "De kotsen zijn zodanig gestegen, dat de inkomsten negatief zijn", leit Lichthart út.
"Mensen denken 'we brengen het, want het is voor een goed doel', maar eigenlijk wordt het nu negatief." It stek sil oan it ein fan de simmer sletten wurde. Om net ien frustrearre foar in ticht stek stean te litten, wurdt der no kampanje fierd.

De mooglikheid om in abonnemint te nimmen bliuwt dus noch wol. "Ze betalen er wel iets voor, maar als ze zelf naar het terrein moeten rijden, dat kost ook energie", seit Lichthart. "Het is veel makkelijker om een abonnement te nemen." Lichthart seit der wol by dat der net sa folle abonneminten beskikber binne.
Fan 1 oktober ôf kin der net mear fergees âldpapier brocht wurde op de Hemmen.
Fan 1 oktober ôf kin der net mear fergees âldpapier brocht wurde op de Hemmen.