Lânbouminister Adema bliuwt derby: net mei Timmermans praat oer dong

Piet Adema © ANP
Minister Piet Adema fan Lânbou hâldt fol dat er ferline jier net mei Eurokommissaris Frans Timmermans praat hat oer it útriden fan dong.
De NOS melde dizze wike, op basis fan Europeeske stikken, dat Adema yn desimber al wist dat boeren minder dong útride meie oer har lân.
Yn dyselde perioade sei Adema yn de Twadde Keamer dat de petearen deroer mei Brussel noch rûnen en dat der "gjin reden wie ta grutte noed".

Wat is derogaasje?

Derogaasje is it ferromjen fan hoefolle dierlike dong oft boeren op it lân útride meie. Dit moat lykwols gjin neidielige gefolgen ha foar it miljeu. Boeren meie neffens de derogaasjeregeling maksimaal 170 kilo stikstof de bunder yn 't jier op harren lân útride.
Fan de EU krige Nederlân tastimming foar 250 kilo stikstof de bunder yn 't jier. Dy útsûnderingsposysje, wêrtroch't Nederlânske boeren mear dong útride meie as yn oare lannen, wurdt fan 2023 ôf yn trije jier ôfboud.
Oan de Nederlânske útsûnderingsposysje sitte strange easken. Sa moat de wetterkwaliteit ferbetterje, mar dy waard yn de rin fan de jierren allinnich mar minder. Njonken de wetterkwaliteit binne de dongregels ek bedoeld om de delslach fan stikstof te ferminderjen.
De Europeeske Kommisje sei yn septimber al tsjin Nederlân dat boeren yn ús lân de útsûnderingsposysje ferlieze soenen. Adema hie noch de hoop dat er dat in jier útstelle koe. Neffens de Europeeske notulen, dy't de NOS ynsjoen hat, makke Timmermans yn desimber lykwols al dúdlik oan Adema dat Nederlân dy tastimming net krije soe.
Dongynjektor © Shutterstock.com
De Fryske minister sei tiisdei al tsjin de NOS dat er him net heuge koe dat er mei Timmermans oer dong praat hat. Dat soe ek net yn de notulen stean dy't it ministearje sels makke hat.

Opheldering

De Twadde Keamer hat de minister om opheldering frege en dy skriuwt no yn in brief dat "de heer Timmermans tijdens het gesprek van 12 december j.l. in algemene zin heeft aangegeven dat Nederland het chagrijn bij de Europese Commissie over het feit dat Nederland afspraken niet nakomt, niet moet onderschatten. (..). De derogatiebeschikking als zodanig is in het gesprek niet aan de orde geweest."
Omdat der net praat is oer derogaasje, wie der ek gjin oanlieding om oan de Keamer melding te meitsjen fan it petear mei Timmermans, fynt Adema.