Nije feardaam of in kabelbaan? Ideeën genôch foar berikberheid It Amelân

De fearboat fart no noch fan Holwert nei It Amelân, mar ûndersocht wurdt oft de feardaam ferpleatst wurde kin fan Holwert nei Ferwert © ANP
Om de berikberens fan It Amelân te ferbetterjen soe der in nije feardaam oanlein wurde kinne by Ferwert. Ynwenners hawwe lykwols in soad fragen oer de plannen foar de oanlis fan de feardaam.
In nije feardaam is in kânsrike opsje, sa stelde Rykswettersteat op in drokbesochte ynformaasjegearkomste yn Ferwert.
Paula Hof fan Rykswettersteat gie yn op de problemen dy't de feartsjinst hjoed-de-dei ûnderfynt. Om de fargeul op de goede djipte en breedte te hâlden, wurdt der hast kontinu baggere. "Ongeveer vijftig uur per week, maar er is niet tegen te baggeren. De Waddenzee is dynamisch en verandert voortdurend."
De problemen troch de te smelle en ûndjippe fargeul binne no al grut. Rykswettersteat, de provinsje en gemeenten wolle in strukturele oplossing foar nei 2030. Dêrmei moatte eilanners en toeristen It Amelân wer makliker berikke kinne.
Op de fearboat stappe yn Ferwert blykt in goedkeapere opsje as it yn stân hâlden fan de hjoeddeiske feartsjinst fan Holwert. Der hoecht nammentlik folle minder baggere te wurden. Neidiel is wol dat by Ferwert de natuer bot fersteurd wurde soe.
Fanwege de feiligens op it Waad hat rederij Wagenborg, dy't de feartsjinsten nei It Amelân fersoarget, koartlyn tastimming fan it Ryk krigen om de tsjinstregeling te fersoberjen. Op it stuit rint der in ûndersyk. "Binnen in pear wiken moat dúdlik wurde wêr't en wannear feilich passearje wer mooglik is", seit Hof.

Soargen

Ien fan de opsjes dy't al besjoen is, is it saneamde 'konvooivaren' fan de skippen. Dan moat noch wol de tsjinstregeling oanpast wurde, mar bliuwt de kapasiteit itselde.
Op de ynformaasjejûn fan woansdei koene bewenners ek har soargen uterje. In bewenster oan de dyk by Ferwert hat noed oer de mooglike oanlis fan in feardaam by har doarp. Benammen de oanlis fan in parkearplak binnendyks foar passazjiers jout har soargen.
Op in ynformaasjejûn yn Ferwert uteren guon bewenners har soargen oer de mooglike oanlis fan in nije feardaam © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
"Ik zit niet te wachten op het drukke verkeer en al die auto's van toeristen." Se spruts de hoop út dat de ferkearsproblematyk meinaam wurdt yn it advys dat nei de simmer nei de minister giet.

Kabelbaan

In oare oanwêzige stelde in yn syn eagen in hiel goedkeape oplossing foar. "Leg een kabelbaan aan. Een kabel en twee pylonnen, meer heb je niet nodig. En je bent in tien minuten over." De man neamde Fjetnam as foarbyld: "Daar worden drieduizend mensen per uur van eiland naar eiland overgezet."