Ried Ljouwert noch net akkoart mei 17 miljoen euro foar 192 flekswenten Spoardok

De Ljouwerter gemeenteried is woansdei noch net akkoart gien mei in kredyt fan goed 17 miljoen euro foar flekswenten yn it Spoardokgebiet.
De ried wol nije wike earst noch yn debat mei it kolleezje oer de plannen foar 192 flekswenten op it eardere Brada-terrein. As de ried akkoart giet, kinne de earste bewenners der ein dit jier yn.
De wenningen binne bedoeld foar Oekraynske flechtlingen, statushâlders en oare wenningsykjenden dy't gau in hûs nedich hawwe. Dat giet om bygelyks studinten, starters en minsken dy't skiede sille.
Elke groep krijt goed sechstich wenningen tawiisd. Der binne 48 wenningen foar ien- en twapersoanshúshâldens en 144 foar trije- en fjouwerpersoanshúshâldens.
Foar tsien jier
De tydlike wenningen binne nedich, omdat der no net genôch húsfêsting is yn Ljouwert om ûnderdak te bieden oan alle groepen. Sa hat Ljouwert in opjefte om 710 opfangplakken foar Oekraynske flechtlingen te realisearjen plus de húsfêsting foar 373 statushâlders.
De tydlike huzen kinne der tsien jier stean. Dêrnei moat de grûn beskikber komme foar oare huzen yn it nije Spoardokgebiet. De bedoeling is om de units dan op oare plakken yn Ljouwert del te setten of te ferkeapjen.
Ried wol mear ynformaasje
Foardat de ried akkoart giet mei de miljoene-ynvestearring, wol dy mear witte oer de finansjele risiko's op lange termyn en de miljeu-effekten, lykas de tastân fan de boaiem.