SGP-Keamerlid en formateur Stoffer wol ien miljard euro weihelje by de Lelyline

Formateur Chris Stoffer © ANP
Twadde Keamerlid Chris Stoffer wol 1 miljard euro weihelje by de Lelylijn om ferkearsknipepunt Hoevelaken oan te pakken. SGP'er Stoffer die dit foarstel woansdei yn de Keamerkommisje foar Ynfrastruktuer en Wettersteat. Neffens Stoffer kin de reserve foar de Lelylijn wol wat lytser, omdat de spoarline der foarearst dochs net leit.
De oprop fan Stoffer is opfallend, omdat it Keamerlid ek de formateur is fan it nije kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân. Kabinet Rutte 4 hat earder 3 miljard reservearre foar de Lelylijn.
Neffens Chris Stoffer kin dy reserve wol wat lytser: "Je zou best kunnen zeggen: daar maak je twee miljard van, dan heeft dat ding nog dezelfde status want er moet nog gewoon een heleboel geld bij. Dan zou je een aantal andere projecten wel door kunnen laten gaan."

Koarte termyn

Stoffer fynt dat der mear sjoen wurde moat nei projekten dy't op de koarte termyn resultaat opleverje kinne. Hielendal om't it Ryk en de provinsje de oanfoljende 9 miljard euro foar de Lelyline dochs noch net byinoar bringe kinne. Hy wol mear ynsjoch yn wêrom't bepaalde projekten wol jild krije, en oare net.
"Laten we even heel reëel zijn, als we kijken naar de toekomst bij provincies, en het Rijk, daar is geen kwartje te halen. Dan zou je best kunnen zeggen, zet er twee miljard op voor de eerstkomende tijd, dan kun je een hele poos studeren. Want er moet ook nog een besluit worden genomen. Dan zou je zo'n project als Hoevelaken er even doorheen kunnen trekken."

Steatssekretaris riedt de moasje ôf

Steatssiktaris Vivianne Heijnen seit dat der hurd wurke wurdt oan it trasee fan de flugge spoarline fan Lelystêd oer It Hearrenfean en Drachten nei Grins. Dy plannen moatte takom jier klear wêze. It lytser meitsjen fan de Lelylijn-reserve, sa't Stoffer foarstelt, fynt se dêrom gjin goed plan.
"Ik zal het zeker ontraden, ik wil graag dat de drie miljard gereserveerd blijft", seit Heijnen. "Spoorprojecten zijn projecten van de lange adem. Maar als zo'n lijn er eenmaal ligt dan ligt hij er ook voor honderden jaren en dan hebben mensen in dat gebied er ook heel lang profijt van."
Stoffer sil syn foarstel tongersdei yn stimming bringe op de alderlêste fergaderdei fan de Twadde Keamer foar it simmerreses.
Twadde Keamerlid Chris Stoffer (SGP) oer it budzjet foar de Lelylijn