Spannum rint út foar Tjerkje, want se is 'Nationale Buurtheld' fan it jier

Spannum rûn út foar Tjerkje © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Tjerkje van der Vaart fan Spannum is de Nationale Buurtheld 2023. It doarp rûn út foar de priisútrikking.
Nee, se wol net midden yn de oandacht stean. Mar de priis is in buertfeest foar hiel Spannum. Dus oke, foarút. Dan docht se dochs mei de ferkiezing mei. It typearret Tjerkje van der Vaart fan Spannum.
Se set har belangeleas yn foar de minsken yn it doarp. Sa organisearret Tjerkje barbecues en krystbuffetten en rommet se swalkôffal yn de buert op. Dêrnjonken is se ek nochris bestjoerslid by de keatsferiening, helpt se de teäterferiening en is se beskikber foar buorlju by it dwaan fan boadskippen.
Buorfou fan it jier
Foar buorfrou Alie de Haan reden genôch om Tjerkje op te jaan foar de ferkiezing: "Tjerkje is in frou apart. In topper dy't safolle goed docht foar de buert." Benammen mei de krystdagen bringt se it doarp tegearre:

Kryst mei it hiele doarp

"Se nûget it hiele doarp út. Eltsenien komt der hinne en nimt eigen iten mei. Dan hawwe wy mei syn allen in hiel moaie Twadde Krystdei!"
"Justerjûn krige ik it te hearren, dus ik ha der in appke útdien nei it hiele doarp. Eltsenien reagearre dat se kamen foar de ferrassing. Sels mei de koade read!" Alie rekket ek emoasjonearre fan alle support foar Tjerkje: "It is in hiele goeie freondinne, se fertsjinnet it sa."
De triennen rûnen my út de eagen wei. Ik bin wiis mei al dy minsken.
Tjerkje van der Vaart fan Spannum
It doarp rint dan ek út foar de priisútrikking. Fan de Winsum-kant ôf (want dan sjocht Tjerkje it net), komme de Spannumers byinoar yn it hûs fan Alie. Dus komt Tjerkje yn in grôtfolle wenkeamer binnen.

"Safolle minsken"

"It is in hiel frjemd gefoel om dit te winnen", seit Tjerkje, "Dat ferwachtsje je gewoan net. Ik fyn it echt super dat der safolle minsken binne om it mei my te fieren. De triennen rûnen my út de eagen wei. Ik bin wiis mei al dy minsken."
Se sil dan net gau ophâlde mei alle aktiviteiten yn it doarp: "De dingen dy't ik doch, doch ik altyd mei wille. Ik fyn it leuk om te dwaan, altyd wêr."
Alie, Tjerkje en har man en Anne van Herwijnen mei de priis © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Tjerkje hat mei in grutte oermacht de ferkiezings wûn, seit Anne van Herwijnen fan de organisaasje: "Zij is een echte inspiratie. Ze zet altijd iedereen in het zonnetje, dat willen we eens teruggeven aan haar. Met een meerderheid van 68% van de stemmen, door heel Nederland heen, heeft ze gewonnen. De support in het dorp vandaag, was ook voor ons overweldigend!"
Ynkoarten sil it doarp de winst grut fiere, want de priis is dus in buertfeest. "Dit feest haw ik dan ek in hiel soad nocht oan!", seit Tjerkje. En as boanus mei se troch de priis, krekt as Alie, ek nochris lekker op fakânsje.