It Hearrenfean mooglik ien fan de spylstêden fan WK frouljusfuotbal 2027

Abe Lenstra © Omrop Fryslân, Darshan Boerema
It soe kinne dat it WK frouljusfuotbal oer in pear jier ûnder oaren yn It Abe Lenstrastadion organisearre wurde sil. De KNVB hat It Hearrenfean oanwiisd as potinsjele stêd dêr't WK-wedstriden spile wurde sille.
Dan moat Nederlân tegearre mei Dútslân en België earst wol it WK fan 2027 binnenhelje. Sy nimme it op tsjin Brazilië, Súd-Afrika en de kombinaasje fan de Feriene Steaten en en Mexico. Yn maaie 2024 wurd bekend hokker lân of lannen de alvetallen ûntfange sille.
Oare mooglike spylstêden yn Nederlân binne Amsterdam, Eindhoven, Enschede en Rotterdam.