Rederij Doeksen dielt fergeze ritten út oan earme húshâldingen foar 100-jierrich bestean

Dirk Spoor oerhanniget de pakketten oan Cees Glashouwer © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Op dizze dei, 5 july, fiert Rederij Doeksen in mylpeal: presys 100 jier lyn begûn de rederij mei it oanbieden fan passazjiersferfier fan en nei Flylân en Skylge. Ta gelegenheid fan dit jubileum traktearret Rederij Doeksen 100 gesinnen mei in lytse beurs út Harns op in folsleine deitocht nei ien fan de Waadeilannen.
It 100-jierrich jubileum fan Rederij Doeksen wurdt op ynbannige wize fierd, nei it ûngelok fan goed in jier lyn like it Doeksen net geskikt it wiidweidich te fieren.
As ûnderdiel fan de festiviteiten wurde 100 'goodie bags' oerlange oan Voedselbank De Helpende Hand yn Harns. Hjirmei kinne gesinnen mei in beheind budzjet genietsje fan in dei op Flylân of Skylge.
Boaten fan Doeksen © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Om derfoar te soargjen dat de húshâldingen in soargeleaze ûnderfining hawwe, hat Rederij Doeksen yn gearwurking mei lokale partners soarge foar in kompleet programma. De minsken krije middeisiten op it eilân en jûnsiten op de fearboat werom.

Utdaagjend jier

Cees Glashouwer fan Voedselbank De Helpende Hand út Harns is wiis mei de aksje. "Dit is een unieke actie. Zo'n grote non-food actie hebben we nog nooit gehad zelfs." De itensbank ferdielt de 100 programma's ûnder de leden.
De minsken fan de Helpende Hand krije allegear ek in knuffel-seehûn © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Nei in útdaagjend jier yn 2022 kiest Rederij Doeksen derfoar om it jubileum op beskieden wize te fieren. Rederij Doeksen direkteur Dirk Spoor leit út: "We vinden het passend om het jubileum op ingetogen wijze te vieren, gezien de uitdagingen die we hebben ervaren."
De rederij hie ferline jier te krijen mei in oanfarring tusken de rappe boat Tiger en in wettertaksy. Dêrby kamen fjouwer minsken om it libben. Dêrneist kampte it bedriuw lange tiid mei djoere brânstof prizen en moast dêrfoar in brânstoftaslach heffe.
Rappe boat de Tiger © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Dochs wol de rederij dit spesjale momint net ûngemurken foarby gean litte. Gemeentemuseum Het Hannemahuis iepene dit jier al in eksposysje oer 100 jier Doeksen. Dêrneist wurde der woansdei 100 retoertickets ferlotte ûnder passazjiers.