VV Hurdegaryp stapt nei rjochter om penaltysearje

Nei oerlis mei advokaten hat VV Hurdegaryp besletten om nei de rjochter te stappen yn ferbân mei de strafskoppesearje tsjin Hearrenfeanse Boys. De KNVB fynt dat de searje opnij naam wurde moat, mar Hurdegaryp is it dêr net mei iens.
"Volgens ons is er maar één serie die recht doet aan de finale van de nacompetitie en dat is de strafschoppenserie van 17 juni", skriuwt Hurdegaryp op de eigen webside. Dat wie de searje dy't Hurdegaryp wûn en dêrmei hanthavening yn de twadde klasse realisearre hie.
Mar troch in flater fan de skiedsrjochter moat de strafskoppesearje no opnij naam wurde, hat de KNVB bepaald.
Hoe siet it ek alwer?
Yn de wedstriid om promoasje of degradaasje tusken Hurdegaryp en Hearrenfeanse Boys moasten strafskoppen de beslissing bringe. Hurdegaryp wûn mei 9-8 en stapte as winner fan it fjild ôf. Twa dagen letter die bliken dat de skiedsrjochter in krúsjale flater makke hie en dat de searje ûnjildich is.
Neffens de rjochtlinen fan de KNVB moatte je nammentlik mei in gelyk oantal spilers oan de strafskoppesearje begjinne, mar yn de wedstriid hie in spiler fan Heerenveense Boys in reade kaart krigen. De skiedsrjochter hie oan Hurdegaryp freegje moatten wa't fan har net in penalty nimme soe, mar dat is net bard.
Neffens de regels moatte oan dy nije strafskoppesearje deselde spilers meidwaan as op 17 juny. Dêr wol de KNVB no wol in útsûndering foar meitsje, en dat fynt Hurdegaryp bryk.
"Bij een eventuele nieuwe serie zal alles anders zijn. De omstandigheden, de locatie, de entourage, de spanning, de fitheid en motivatie van de spelers, de nemers van de strafschoppen, de volgorde van nemen, het veld, de scheidsrechters en zelfs de bal."
De klup fielt him sa beneidiele troch it beslút fan de KNVB dat se gjin oare opsje sjogge as it beslút fan de KNVB foar te lizzen oan in ûnôfhinklike ynstânsje. Hurdegaryp freget oare wike woansdei oan de foarsjenningerjochter yn Utrecht om de beslissing fan de KNVB te beoardieljen.