Nije feardaam by Ferwert reële opsje, op termyn folle goedkeaper as by Holwert

© Omrop Fryslân, Mats Gies
It oanlizzen fan in nije feardaam by Ferwert is in reële opsje om It Amelân yn de takomst goed berikber te hâlden. In farferbining tusken Ferwert en Nes is op termyn folle goedkeaper as de haven by Holwert hâlde, om't der dan sa'n trije kwart minder baggerwurk nedich wêze soe.
It ferpleatsen fan de feardaam nei Ferwert is ien fan de twa 'oplossingsrjochtingen' dy't Rykswettersteat op dit stuit ûndersiket. De oare oplossing is it optimalisearjen fan de hjoeddeiske farferbining tusken Holwert en Nes.
Nije feardaam by Ferwert reële opsje, op termyn folle goedkeaper as by Holwert
Foar dy 'oplossingsrjochtingen' binne de ôfrûne moannen seis alternativen útwurke en beoardiele. It giet dan bygelyks om de effekten op de seeboaiem en de natuer, mar ek op it mêd fan duorsumheid en finânsjes.

Folle minder baggerje

Wannear't de feardaam by Holwert bliuwe soe, is dat neffens it ûndersyk úteinlik folle djoerder as in ferhuzing nei Ferwert. Benammen de kosten fan it baggerjen nimme dan op termyn bot ôf, sa is de ferwachting. Dat komt ûnder mear om't in takomstige rûte fan Ferwert nei Nes op It Amelân foar in grut part troch it relatyf wide en djippe Dantziggat boppe Ferwert giet.
Der sitte lykwols ek grutte neidielen oan in feardaam by Ferwert. Der soe in folslein nije ynfrastruktuer oanlein wurde moatte, dwerstroch in wichtich natuergebiet foar seehûnen en fûgels. De oanlis fan in nije feardaam is dêrneist fergunningstechnysk hiel dreech te realisearjen.
Yn alle alternativen foar de takomst moat de feardaam by Nes op It Amelân ophege wurde, fanwegen de ferwachte hegere seespegel. Dat sil ek nedich wêze as de hjoeddeiske feardaam by Holwert yn gebrûk bliuwe sil. Dêrneist wurdt by de alternativen bygelyks ek sjoen nei minder wide skippen of in gruttere rappe tsjinst.

Gearkomste

Ynwenners fan It Amelân en belanghawwers waarden tiisdeitejûn troch Rykswettersteat bypraat oer de stân fan saken. Dat barde yn in grôtfol moetingssintrum Ons Hol yn Hollum, dêr't in lytse twahûndert minsken wiene.
© Omrop Fryslân, Mats Gies
De gearkomste soe yn earste ynstânsje foaral gean om de takomstige berikberens fan it eilân, mar ynwenners hiene ek in soad fragen oer de koartlyn oanpaste tsjinstregeling fan rederij Wagenborg. In soad oanwêzigen setten fraachtekens by de ûnfeilige fargeul, dêr't Wagenborg him op beropt.
Rykswettersteat woe him der tiisdeitejûn net oer útlitte oft de fargeul op dit stuit wol of net feilich is. Op guon plakken yn de fargeul hat Rykswettersteat lykwols wol de grutste muoite om de minimale djipte fan 3,80 meter te hanthavenjen, sa waard wol tajûn.

Bedrigingen

Boargemaster Leo Pieter Stoel fan It Amelân iepene de gearkomste mei in oprop oan alle eilanners, om foaral respektfol mei elkoar yn petear te bliuwen. Guon meiwurkers fan Wagenborg, wêrfan't in grut part ek op it eilân wennet, binne resintlik ek yn de priveesfear bot oansprutsen of sels bedrige om de oanpaste tsjinstregeling.
It is folslein ûnakseptabel as meiwurkers har ûnfeilich fiele as gefolch fan de besluten fan it bedriuw, neffens boargemaster Stoel.

Ferfolchûndersyk en trochstek

Binnen inkelde wiken wurde de útkomsten fan in ferfolchûndersyk troch maritym ûndersyksburo MARIN ferwachte. Dêrút moat bygelyks bliken dwaan oft de skippen fan Wagenborg inoar echt net langer feilich passearje kinne, sa't de rederij stelt.
Dêrneist ferwachtet Rykswettersteat dat der op koarte termyn in trochstek makke wurde kin, sa'n bytsje yn it midden fan it besteande trajekt fan Holwert nei Nes. Dêrtroch hoege de skippen fan Wagenborg minder bochten te meitsjen en wurdt it farren feiliger.
Oankommende freed is der heech oerlis tusken de minister, de steatssekretaris, de boargemasters fan It Amelân en Skiermûntseach, rederij Wagenborg en ûndernimmers oer de hjoeddeiske situaasje.

Takomst

It ûndersyk nei de takomstige berikberens fan It Amelân oant 2100 is noch net hielendal klear. Yn septimber of oktober fan dit jier moat der in folslein advys lizze. Ein dit jier soe de minister dêr dan in beslút oer nimme moatte.